La vie en rose 2
Yn Alde Leafde binne brieven byelkoar brocht fan ferskate Friezen dy’t yn de perioade 1940-1975 skreaune oan harren leafsten. Fan alle brieveskriuwers is ek in koart libbensferhaal te lêzen en it gehiel is oanfolle mei de troufoto’s út dy tiid. By it boek binne ferskate opdrachtkaarten makke om te brûken by it kontakt mei âldere minsken, sa as yn de soarch.
La vie en rose 2
Aise en Afke Kramer leare elkoar kennen by it dûnsjen yn Hotel Vreewijk yn Drachten. Yn in brief fan twa jier letter skriuwt Aise dat der fan dûnsjen net folle telâne kaam doe’t er wer ris yn in dûnstinte wie. Hy hie syn freonen al in hiel skoft net sjoen en stie al net sa fêst mear op ’e fuotten, doe’t er by de dûnsflier oankaam.
Hoe wie dat mei de dielnimmers yn jo groep? Hâlden se fan dûnsjen? Koene se goed dûnsje? Oan hokker dûnstinten of nûmers hawwe se goede oantinkens? Doel fan dizze aktiviteit is om dêroer te praten.
Troch meielkoar oer muzyk te praten kinne âldere minsken ek op it spoar komme fan muzyk fan hjoed-de-dei dy’t se aardich fine. It kin plezierich wêze foar âldere minsken om op dy manier ‘by de tiid’ te reitsjen.
Rjochtsboppe neist de tekst fine jo de opdrachtkaart om as pdf te downloaden.