Johannes en Trudi Baarsma út Boarnburgum

Ynterview mei Johannes en Trudi Baarsma (1953-2016) út Boarnburgum.  Johannes en Trudi moeten mekoar foar it earst yn 1968 en as Trudi yn Emmeloard ferbliuwt fanwegen staazje skriuwt sy oan Johannes brieven. Ien fan dizze brieven is yn it boek Alde Leafde opnommen, neist harren troufoto en in koart libbensferhaal. It petear is mei Miranda Werkman fan Omrop Fryslân, dy’t ek de opname fersoarge hawwe.

Alde Leafde bestiet út in tsiental briefwikselingen, skreaun tusken 1941 en 1971 troch minsken út ferskate plakken yn de provinsje. De bondel giet oer âlde leafde, mei alles wat dêrby hearde: hoopfolle ferwachtingen, hertstocht en fertriet, wanhoop en ûnwennigens, gelok en blydskip. De brieven binne oanfolle mei in autentike troufoto fan de tsien troude pearen en in koart libbensferhaal.

Lês mear oer Alde Leafde en bestel it boek. 

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side