Hans en Gaatske de Jong út Drachtster Kompenije

Ynterview mei Hans (1936-2015) en Gaatske de Jong út Drachtsterkompenije. Yn 1956 skriuwt Hans oan Gaatske as hy yn Wietzendorf en op de kazerne yn Assen ferbliuwt.  Twa brieven binne opnommen yn it boek Alde Leafde, neist harren troufoto en in koart libbensferhaal.  It petear is mei Miranda Werkman fan Omrop Fryslân, dy’t ek de opname fersoarge hawwe.

Alde Leafde bestiet út in tsiental briefwikselingen, skreaun tusken 1941 en 1971 troch minsken út ferskate plakken yn de provinsje. De bondel giet oer âlde leafde, mei alles wat dêrby hearde: hoopfolle ferwachtingen, hertstocht en fertriet, wanhoop en ûnwennigens, gelok en blydskip. De brieven binne oanfolle mei in autentike troufoto fan de tsien troude pearen en in koart libbensferhaal.

Lês mear oer Alde Leafde en bestel it boek. 

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side