Resept foar taaitaai

Nedich: 250 gr blom, 100 gr huning, 1 ytleppel sjerp, ½ teeleppel sâlt, ½ teeleppel kaliumkarbonaat, 3 teeleppels kanielpoeier, 1 teeleppel anyspoeier, 1 teeleppel mealde nútmuskaat, 1 teeleppel krûdnagelpoeier. 
Set de oven op 160 °C en fetsje de bakplaat alfêst yn (bestrui evt. koekefoarmkes mei rysblom).

Ferwaarmje de huning en rier de sjerp dertroch en lit it in bytsje ôfkuolje. Seef de blom en doch de krûden en it kaliumkarbonaat dertroch. Jit de huning en de sjerp derby en knyp it ta in stevige bol. Rôlje it daai út of meitsje der foarmen fan op in koekeplanke. Lis se dêrnei op de ynfette bakplaat en bak se yn 25 minuten gear. Lit it bûten de oven ôfkuolje.

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side