Folksferhaal fan 'e Harkema:
Op 'e Smoarhoeke

“Soa... jonkje, do woest nei de Smoarhoeke ta...?” Wy sochten om njoggen oere de skoftkeet op foar kofje en in brochje, en Ale Roorda, in âlde timmerman, spruts my oan. Ik hie de deis derfoar it spultsje fan Jehannes en Gine kocht yn it kafee. It wie dêr by opbod ferkocht troch de notaris. Wy hienen in pear jier ferkearing. Der moast earst noch wol in nije wente boud wurde. It âlde stee moast der ôf, mar it koe no heve.

Wylst wy sitten gongen en ek de oaren yn de keet kamen, frege er my fierder: “Witsto wol hoe’t se by dy namme ‘Smoarhoeke’ kaam binne?” Ik soe anderje dat it lykwols wie om’t se de minsken yn dat part fan ‘e Harkema smoarden. Wa’t dêr ea op in nacht in faam nei hûs brocht, kaam dêr nea libben wer wei. Mar... mei dat ik myn bôletrompke iepen die, betocht ik my. Dat lei der te dik boppe op. Der soe fêst in oare ferklearring wêze en ik seach him freegjend oan en sei: “Ik soe it net rjocht witte”.

“No… ik sil it dy fertelle… it sit sa...” en hy seach efkes om him hinne om te sjen oft eltsenien wol lústere. “Ik ha it fan ús heit. Jimme witte wol dat wy thús in slachterij hienen. Us pake wie der al mei begûn en eltsenien moast helpe. Sa ha ik ek noch wol mei de koer foar op ‘e fyts by de streek del west. Dat wie doe noch sa, de bakker en de slachter gongen mei de koer by it paad del. Dat wie in hiel gebealch, al dy paden en reden troch mei sa’n swiere koer foarop. Us heit hie doe in fêste rûte, en dan kaam er sa no en dan wer thús om de koer by te foljen.” “Hoe fier bist no?” frege pake steefêst. “Ik moat no de Smoarhoeke noch!” En dan krige er fan syn pake it smoar fan ’e baarch mei yn de koer. “Dêr kinst wol mei ta”, sei er dan, “want dy minsken op ‘e Smoarhoeke binne sa earm, dy hawwe oan it smoar genôch by de wâldbeantsjes. Mear kinne se net betelje.”

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side