Folksferhaal út Koatstertille:
De poat stiif

In kâlde wyn waaide út it easten, de sinne wie oan de oare kant al ûndergien. It wie in oarlochsnacht yn desimber, it krôke in bytsje. Yn it reiddekte húske oan de Gedempte Vaart, skeef tsjinoer it tsjerkje, seachst gjin ljocht brânen. De gerdinen sieten stiif ticht, alles wie fertsjustere. Rinskje siet te breidzjen njonken de potkachel. De bern leinen djip ûnder de tekkens, ticht tsjin mekoar oan. En Goaitsen, Goaitsen stie by it oanrjocht en slipe syn messen. Der soe wat barre. Oer it hurd beferzen paad heardest it lûd fan klompen kreakjen yn de snie. It lûd fan klompen en it lûd fan... it lûd fan wat? Foarsichtich slûpten se troch de tsjustere nacht, Jan, Siemen en... en wa?

It wie nei tolven, de klok hie krekt slein, fan de saterdei nei de snein. Tik, tik, tik,…tik, tik, tik, tsjin it rútsje fan de efterkeamer. “Komst Goaitsen” flústere Jan, “Siemen stiet al by de hoksdoar.” Goaitsen pakte syn messen fan it oanrjocht, die in jas oan, stapte yn syn klompen en gie de efterdoar út. En ja hear, dêr stie Siemen mei Richtsje foar de iepen hoksdoar. Gjin poat woe se fersette, krekt as wist se wat der barre soe. Jan treau en treau, Siemen sloech har mei in stôk op de kont en Goaitsen skuorde as in wylden oan it hoarntou. Mar Richtsje, Richtsje bleau stean. Alle fjouwer poaten stokstiif op de beferzen grûn. “Hoe moat dit no”, jammere Siemen, “dêr giet ús krystmiel”. “Ja” sei Jan “dat wurdt wer koalrapen mei skieppefet”. De iene foetere noch mear as de oare. “Aanst moat dat domme bist ek noch wer mei nei hûs” flokte Jan. Buorman kaam mei de holle troch it sliepkeamersrút, mar seach neat. “Sssst, net sa lûd, wy ha de buert al wekker” flústere Goaitsen.

En foar’t de mannen it yn de gaten hienen, liet Goaitsen syn mes it wurk dwaan. Richtsje foel dea del, de poaten noch stokstiif. Yn in ommesjoch ha de mannen Richtsje it hok ynskuord. Wylst Siemen bûten de bloedspoaren yn de snie fuortfage, ha Goaitsen en Jan de ko slachte. Twa foarbouten kamen by Jan en Siemen op de karre. De oare beide bouten waarden yn it efterhûs tusken de hoannebalken takele. Heech, goed heech, want nimmen mocht it sjen. It hok
gau opromme en nei noch in pear slokjes by de potkachel setten Jan en Siemen ôf, de kâlde winternacht yn. Goaitsen krûpte gnizend om healwei fjouweren njonken syn wyfke. Der wie wer fleis yn de panne.

De oare moarns, it tsjerkje kaam út, de preek wie foarby. It tsjerkefolk wiisde en seach nei it dak fan it húske oan de oare kant fan de dyk. Wat wie dat op it dak by Goaitsen en Rinskje. Doe’t Goaitsen it seach wist er it, hy hie Richtsje te heech optakele. En no stuts se troch it reidtek fan it efterhûs. Richtsje wist fan gjin opjaan, se hâlde de poat stiif.

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side