Ielrikjen: Alle fisk is lekkere fisk

De minsken yn de omkriten fan Peins en Slappeterp kenne him as Graaf Dorus. Dy namme stiet dan ek mei grutte letters op syn hûs. Op in oar boerd stiet wat er te keap hat: Gerookte paling zo uit de natuur 12 euro per pond. Njonken it boerd stiet de mânske rikkerstonne dêr’t er syn hannel yn klearmakket. De foartún leit fol hout en allerhande oare saken. Earne yn in hoekje leit in stien mei in krúske derop, it grêf fan syn hûn Brenda dy’t al wer jierren lyn ferstoarn is. De fioeltsjes op it hûnegrêf litte sjen dat syn baaske him noch net fergetten is. Foar de ruten hingje twa grutte ferkiezingsfoto’s fan Geert Wilders en Pim Fortuyn. Yn syn aaifolle húskeamer mei steapels doazen, opstoppe fûgels, byldsjes en trompkes op de kasten, pronkje trije klokken njonken elkoar oan it lewant. Pappegaaien, parkiten en kanarjes litte har fûleinich hearre yn in grut tal lytse en grutte fûgelkoaien. In spinwiele stiet yn de hoeke. De geur fan skiep is te rûken oan it selsspûne brune jern dat de ielrikker Doaitsen van der Meer (18-04-1935) yn in kreaze string opwuolle hat. It is kofjetiid. De ielrikker sit noflik op in griene tekken op syn bank, rookt it iene sjekje nei it oare en fertelt oer syn libben dat neffens him lang net altyd oer roazen gong.

‘Heit en mem kamen fan Gaasterlân en ferhuzen foar de oarloch nei Uithoorn, by Amsterdam. Dêr waard ik berne. Ik hie noch trije suskes: Antsje, Pytsje en Sjoerdsje, dy’t al net mear libje. Heit wie boere-arbeider. Nei de oarloch kamen wy yn Winaam te wenjen. Dêr gong ik nei skoalle, by master De Boer. Us mem stoar doe’t se 38 jier wie en ús heit krige in oare frou dy’t sels ek in pear bern hie. Om’t ik net goed mei myn styfmem opsjitte koe, gong ik as jonge fan trettjin allinnich nei Amsterdam, mei de fyts op in frachtauto. Dêr kaam ik tydlik by myn omke te wenjen. Letter hierde ik in sydkeammerke yn de Tolstraat. Ik wurke op in molkfabryk en soarge sa foar myn eigen iten en drinken.’

Doe’t Doaitsen 21 jier wie troude er mei de frou, dêr’t er yn Amsterdam kunde oan krige en gong mei har werom nei Fryslân. Se krigen tegearre fjouwer bern, mar ek sy stoar op 38 jierrige leeftyd, troch in autoûngemak. Fan dat eagenblik ôf gong alles mis en steapelen de problemen har op. Mei trije fan syn fjouwer bern hat er gjin kontakt mear. Yn syn roerige libben rûgele er fan de iene baan yn de oare. Sa hie er in skoft in ridende patatwein, runde in benzinepomp, wie kok oan board by de fiskerij yn Harns, hannele yn slaadsjes, reparearre auto’s en klokken en ferkocht rikke iel.

Doaitsen: ‘Earst fong ik de iel altyd sels, hjir yn de poldersleatten. Ik hie in fergunning en fiske wannear’t ik mar frij hie. Fiskje is moai wurk. It is spitich dat ik it no net mear dwaan mei, fanwege myn hertkwaal. Mar myn freon, Jan Iel, in earsteklas streuper fan 83 jier, soarget derfoar dat ik net sûnder iel sit. Hy bringt my sa’n seis oant tsien pûn yn de fjirtjin dagen. Sa kin ik moai trochgean mei ielrikjen, dat ik al op myn tolfde jier leard. In oare freon fan my, Hette Zondervan, leraar timmerjen oan in LTS, bringt my geregeld skjin fjurrehout. Myn klanten komme oeral wei. Ik ha altyd te min iel, want ik bin net djoer.

Hoe’t it ielrikjen om en ta giet? Earst hakje ik it skjinne fjurrehout oan spuonnen. Dêrnei meitsje ik it fet skjin, doch it hout deryn en hingje de iel op. As it hout baarnt doch ik de klep ticht oant op in sintimeter nei. Dan smyt ik der in stikje hout fan in appelbeam, in flearbeam en in stikje ikehout op. Dat bring ik op temperatuer, net al te hyt. Ik lit de iel in hiel skoft, wol twa oeren, rikje. En krekt dy ferskillende houtsoarten meitsje dat myn iel sa lekker smakket. Dat is myn geheim.’

Van der Meer stekt it safolste sjekje yn de brân. Syn 15 jierrich hûntsje Bruno leit stiif tsjin him oan. De pappegaai, dy’t nei Pim Fortuyn neamd is, ropt: piip en miauw en ien fan de kanarjes sjongt efkes út folle boarst. ‘Ik fyn it gesellich, dy bisten om my hinne,’ fertelt er. ‘Ik bin mar allinnich. Net ien hâldt fan my. Ik ha hjir wol wer ris in frou hân, ien mei in pear bern. Mar dat wurke net, dy bern koene hjir net aardzje. Dat wol ik noait wer, dêr ha ik in soad fertriet fan hân. Gelokkich ha ik noch in pear goeie freonen. Graaf Dorus is foar my in earenamme. Myn freon Sjoerd út Frjentsjer hat dat betocht. Hy hat dat nammebuordsje ek makke dat bûtendoar oan de muorre hinget. Om’t de minsken altyd sa negatyf oer my prate, woe hy der wat posityfs fan meitsje. Elkenien neamt my no Graaf Dorus, iksels ek.’

Wy krije kofje en wy moatte fansels in rikke iel priuwe. Hearlik! ‘Mar alle fisk is lekkere fisk,’ sa beslút Graaf Dorus it petear.

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side