Keatsen hat wat ivichs - Baukje Wytsma

Koart ferhaal 

Yntroduksje fan it ferhaal

Watfoar sport hawwe jim eartiids dien?

Koenen manlju en froulju doe tegearre sporte?

Is der neffens jim ûnderwilens in soad feroare op of om it fjild?

 

Nei it ferhaal

Komme jim noch wolris op it sportfjild of sjogge jim noch wolris sport op de televyzje?

Wat fine jim fan de massahystearje by it sporten en de heldeferearing?

Hienen jimme eartiids ek sporthelden?

 

Keatsen hat wat ivichs

It keatsen bringt blykber ek by my wat boppe fan oerâlde sentiminten. Ienkear opbrocht mei ferhalen oer opslaggers en boppeslaggen reitsje jo der net gau wer fan ferlost.

Der waard yn ús famylje omraak keatst en dy sportive prestaasjes leveren fansels ferhalen op dy't my as bern as lij wetter yn 'e earen gongen. Ik wit dan ek net wa't my it spul bybrocht hat, ik koe it ommers altyd al. Mar ik wie in famke en dat wie hiel spitich, want famkes keatsten noch net by ús yn Reduzum. No ja, sa no en dan sabeare. Baltsjeferdriuwe neamden wy dat. Dat diene wy op de terp, tusken de greppels. Nee, keatsklup Jan Reitsma wie de yntime wrâld fan jonges en manlju. Ik mocht, doe't ik acht wie, wol op 'e tillegraaf sitte om de stân by te hâlden, jawis wol. Mar dat wie it fansels net, ik woe ek foaryn stean, prippers jaan, in tûke bal reitsje yn it tuskenspul. Dêr is dan ek in libben­slange frustraasje út fuortkommen.

Gong myn seis jier âldere broer te keatsen, ús heit en mem gongen der hinne op 'e fyts en sieten grutsk en fol spanning op 'e banken. Moast ik in foar my belangrike kuorbalwedstriid spylje, gjin mins te sjen. Myn broer syn medaljekastje waard stadichoan foller, ik mocht der allinnich mar nei sjen en foaral nergens oankomme. As er ris in earste priis wûn hie, waard de krânse suver plechtich oan 'e muorre hongen. Moai fansels, mar dochs... As ik in jonge wie, soe ik him der ôfslein ha of net?

 Keatsen en alles der omhinne, it hie wat ivichs. De merkepar­tij. De jûns der foar waard it fjild sa goed mooglik yn oarder makke, as wie it hillige grûn. Tsjirk Fopma boarre mei ynmoed in gat yn 'e grûn om de peal op 'e boppe yn te setten. Hy die it as gong it om in hillich ritueel. Der kamen brune jutekleden om it fjild dy’t sa’n net te beneamen geur hiene. Noch hear ik hoe't de spikers yn it hout slein waarden. Mei dy omheining wie it iisbaansleatsje ynienen net mear te sjen. Wy dûnsen ûnderwilens oer de lange wibelige banken hinne, dy’t oan 'e ein altyd sa lekker klepperen as wy der ôf sprongen.

 As de partij sneins begûn, siet elk teplak, noch in bytsje yn 'e feestrûs fan de jûns der foar. Neffens my wie it doe altyd moai waar. It like oft ynienen alles mocht, de minsken wiene losser, freonliker, klear om der in moaie dei fan te meitsjen. Doarpsgenoaten dy't om utens wennen, kamen del foar de gelegenheid. It earste wykein fan septimber wie it feest fan Redústers meimekoar en alles ferrûn neffens in fêst plan. Middeis seachst de bakjes fan de sweefmole heech boppe de brune kleden út fleanen, it muzyk wilewarrele oer it keatsfjild. As der in bal boppeslein waard, gong der in beskieden gejubel op. Keatsers wiene ommers hel­den, nee, sokke gloarje wie net foar froulju weilein. Wat my hast ôfgeunstich makke, wie de freonskip op it fjild. De bliere opteinens fan de jonges as sy de partij wûn hiene, `maten': it wie net samar in wurd.

 As taskôger hiest fansels altyd in favoryt. By it sjen nei in keatswedstriid kaamst al in hiele protte fan in yndividuele spiler te witten. Wie er de spanning treast by in belangrike opslach? Siet er goed yn 'e wedstriid? Helle er de boppe? Mar wat noch belangriker wie, rûn er wol moai rjochtop? Flibe er net op it fjild? Flokte er net te grouwélich en koe er it publyk oan it laitsjen meitsje? Koe er syn eigen lilkens bedimje? En it each woe fansels ek wat. Der wiene moaie keatsers by, ek út Reduzum.

 Ik kom spitigernôch net sa faak mear by it keatsen. Liket it sa of is de sfear in bytsje fuort? Wie it no echt safolle geselliger op de âlde iisbaan by de haven? Dyselde âld haven dêr’t Albertsje sûnder ien tel nei te tinken yn sprong by de stuolledûns? Dyselde iisbaan dêr’t by 't simmer de skieppedrollen net te tellen wiene? Dêr't Uilke Tolsma by de doarpspartij keatste foar syn libben? Dêr't âlde Jabik Jorna yn syn lange swarte ûnderbroek by de opslach hast oan it perk ta rûn? Dêr’t Grutte Bouke op syn eigen wize foar master opsloech? Dêr’t Freerk Wiersma de mouwen fan syn boesgroentsje opstrûpte? Dêr’t Jentsje Kooistra syn swiere bas oer it fjild klonk? Nei myn idee rekken de minsken doe noch út de skroeven by elke boppeslach. Fansels, foarby is foarby, mar de yntimiteit fan dy âlde sportlokaasje by de haven hie wat bysûnders, want alles hie noch in minsklike maat, it wie gewoanwei wat it wie en dat wie mear as genôch. Ik bin altyd in bytsje ûnwennich fan al dy minsken dy’t der net mear binne as ik op it hjoeddeistige sportfjild by it keatsen sit. De romantyk is fuort, mar miskien betink ik dat wol. Keatsen bliuwt keatsen ommers. Ik moat der gewoan wer ris wat faker hinne!

 

Baukje Wytsma 

Sjoch foar de printferzy by de download (op desktop rjochtsboppe)

 

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side