Gjin kleur - Neeltje Bonnema

Koart ferhaal 

Yntroduksje fan it ferhaal

Wa hat wolris heard fan in fakânsjekoloanje? [bygl. Moai Gaasterland, foar astma of tbc nei Davos of earne oars: Appelskea?]

Wa hat der west of koe der hinne en hoe waard dat betelle?

Wa wie as jonkje / famke te meager, te lyts, net goed sûn?

 

Nei it ferhaal

Hokker brij fûnen jimme lekker of hielendal net?

Hokker iten wie fersterkjend?

Moast de panne altyd leech iten wurde?

Waard der wolris iten fuortsmiten?

 

Gjin kleur

 “Hè bern, wat bist suterich. En sa wyt as sûpe, do moatst better ite.”

Dat haw ik faak hearre moatten doe’t ik in lyts famke wie. Ik hie in ôfgriis fan alle soarten brij: grysmoalen, kustard en sûpengroattenbrij. Pudding wie ek slim, dat fel! Mar myn broers fochten der om. Skoften moast ik nei it iten sitten bliuwe om de brij, yn hokker foarm dan ek, op te iten. As it net slagge, om’t ik nei skoalle moast, dan geat ús mem it noch wolris troch de goatstien, mar fan ús heit krige ik it jûns wer.

Oant safier gong it allegear noch wol, mar doe moast ik nei de skoaldokter.

De jûns by it bôle-iten die mem ús ferslach fan dokter syn ûndersyk. Myn sterke broers wiene tige sûn, moaie tosken, sterke bonken, rjocht en sljocht.

It famke wie ûnder de mjitte, te wyt en te meager. Mar der wie in oplossing, hie dokter sein.

“Wat mei dat wêze”, sei ús heit, “krijt se hjir te min?”

“Nee, jawol ju, harkje no earst ris nei my, hè, do bist fuort oanbaarnd.”

Heit sei neat en snijde wat yn ’e bôle om.

“No”, sei ús mem, “as wy wolle, kin se seis wike nei It Amelân. It sikefûns wol der oan meibetelje en der moatte fansels sinten by. Dokter sei: ‘Dan krijgt ze kleur op de wangen, daar zorgen wij voor.’”

“Soa.” Mear sei ús heit net en wy sieten allegear deastil by de tafel. Seis wike nei It Amelân! Fan ’e middei hie dy dokter neat sein, hy hie my allinne yn it wang knypt.

Foardat ien wat sizze koe, sei ús Jan: “Dan mei ik op har plak sitte.”

De bôle siet my dwers yn ’e kiel en ik moast kokhalzje.

“Goh, se begjint no al yn ’e broek te skiten.”

Elkenien wist dat ik fan in útfanhûzerij nei twa dagen wer ophelle wie troch ús heit. De jûns om healwei tsienen hied er my wer op ’e fyts setten en op myn eigen bêd brocht.

Seis wike!

“Ik sil it earst mei Ale Kûpontsje beprate, ris hearre wat dy der fan seit.”

Ale Kûpontsje kaam alle fjirtjin dagen om it sikefûnsjild. Soms moast ús mem alle sparpotten op ’e kop hâlde om him te beteljen. Myn sparpot wie al moannen leech, dêr koe se neat mear úthelje.

Mar se woe him al freegje.

Ik wie hyt en kâld tagelyk, se miende it echt!

Gelokkich hie Ale krekt west. De earste fjirtjin dagen koe ik noch thúsbliuwe.

It wie miskien wol goed dat ik in protte yn myn wangen knypte, krekt sa as dy dokter die. Dat ik dêrnei in fjoerread plak op it wang hie, wie it slimste net. As ik dat no alle dagen die, dan hoegde ik miskien net nei It Amelân.

Dyselde wike kaam Jan Ilestyk oan de doar.

“Toe, gean do gau nei de doar en sis dat ik dizze wike neat hoech.”

Mem joech my in triuw en ik rûn nei de doar.

“Us mem hoecht neat, moast ik sizze.”

Hy seach my oan, snúfde en rachele in pear kear. Ik woe de fingers wol yn ’e earen triuwe, mar dat soe net fatsoenlik wêze. Ik fielde dat ik kokhalzje moast.

“Bisto ek ien fan Durk en Afke?”

Ik knikte.

“Frjemd”, sei er en snúfde op ’e nij, “ik miende dat se allinne mar fan dy grouwe knoffels fan jonges hienen. Sa’n wyt, spjochtich ding hie ’k hjir net ferwachte.”

Hy klapte de brune learen koffer mei allerhande snypsnaren ticht, snúfde noch ris en mei grutte stappen rûn er it hiem ôf.

Mei twa hannen kniep ik mysels sear, ik móast kleur op ’e wangen hawwe. De dagen dêrnei die ik myn bêst mei alles! Sels lêze ûnder iten, wat net heal mocht, taalde ik net nei.

Us heit hat my rêden fan It Amelân, hy soe my net ophelje kinne mei de fyts, sei er en ik moast gewoan de brij opite. Neffens my wienen alle sparpotten leech.

 

Neeltje Bonnema

Sjoch foar de printferzy by de download (op desktop rjochtsboppe)

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side