Ferhaleboekjes
Wa fynt it net aardich om foarlêzen te wurden! Troch ferhalen foar te lêzen en dêrneist te fertellen binne minsken mear belutsen by it groepsbarren en wurde faak ek eigen ferhalen ûntwikkele.
Fan 2009 ôf is elts jier in ferhaleboekje foar Dat wie doe sa makke. In boekje mei fiif ferhalen dy't harren ôfspylje yn de ferskillende desennia dy't de bewenners fan soarchsintra en dielnimmers oan aktiviteiten yn soarchsintra sels meimakke hawwe (kinne). Faak Fryske ferhalen mar betiden ek yn streektaal skreaun, yn it Biltsk, Stellingwerfsk of yn it Snitsers.
De koarte ferhalen slúte oan by de kanon fan de Fryske skiednis foar it ûnderwiis (www.11en30.nu). Oan de hân fan dizze ferhalen kinne aktiviteiten opset wurde mei de skoallen yn de regio.
Wat soe it moai wêze as learlingen ferhalen foarlêze en dêrnei mei de âlderein yn petear geane oer it ferline. De fragen dy't as yntroduksje en ôfsluting oanbean wurde by elts ferhaal kinne dêrby helpe. De bern leare der grif in soad fan en mei de âlderein belibje sy in moaie en weardefolle dei!
It boekje fan 2014 kin ek besteld wurde, sjoch by produkten/fergees.
In protte lêsnocht tawinske! Genietsje, doch mei én... meitsje de ferhalen bysûnder!
Alle ferhalen stean no op de webside, jo kinne klikke op de titel. Hjirûnder fine jo in oersjoch.
De ferhalen hawwe in eigen side en dêr fine jo ek de fragen dy't foar yntroduksje en ôfsluting brûkt wurde kinne.
De ferhalen fan 2014
Auck Peanstra, ‘Ruilferkaveling’
Margryt Poortstra, ‘Kleur’
Janny van der Molen, ‘In tomme foar Durk’
Douwe Kootstra, ‘Oranje’
Henk van der Veer, ‘Deur ut stinkrioal fan Sneek’
De ferhalen fan 2013
Teake van der Meer, ‘De raar wurkjende koekoeksklok’
Marga Claus, ‘Grethe’
Geart Tigchelaar, ‘De sjarme fan de Snitswike’
Ferdinand de Jong, ‘Ien wurd: ‘Netsjes.’’
Ate Grypstra, ‘Beroerde tiden’
De ferhalen fan 2012
Sjoerd Bottema, ‘De winter fan ’79’
Leendert Ferwerda, ‘’t Koffertsy’
Rients Gratama, ‘Leafde yn tiden fan kwark’
Hans Molema, ‘Nei de moanne of nei Frjentsjer’
Baukje Wytsma, ‘Keatsen hat wat ivichs’
De ferhalen fan 2011
Douwe Kootstra, ‘Biljerte’
Ate Grypstra, ‘Goed personiel’
Ferdinand de Jong, ‘Geale Knyn’
Auck Peanstra, ‘Bûsdoeken’
Thys Wadman, ‘De reep’
De ferhalen fan 2010
Mindert Wijnstra, ‘Help’
Riek Landman, ‘In Flam’
Neeltje Bonnema, ‘Gjin kleur’
Ytsje Hettinga, ‘Krantekueren’
Johan Veenstra, ‘Masseren’
De ferhalen fan 2009
'It fluitsje fan master', Berber van der Geest & Akky van der Veer
'Abe', Eppie Dam
'De aisiker', Paulus Akkerman
'De hurdrider', Paulus Akkerman
'Winne!', Neeltje Bonnema