De sjarme fan 'e Snitswike - Geart Tigchelaar

 Koart ferhaal 

Yntroduksje fan it ferhaal

As jo, doe’t jo in jier as 18 wienen, in jûntsje fuort gongen, wêr gongen jo dan meastentiids hinne?

Wienen der by jo yn de omkriten ek grutte feesten?

Watfoar minsken kamen der meastentiids op sokke feesten en wat barde dêr krekt?

 

Nei ôfrin

Op hokker wize hawwe jo jo (eventuele) partner troffen?

Hoe gong dat meastentiids: immen witte litte datst op him of har fereale wiest?

 

De sjarme fan ’e Snitswike

De hiele middei is pake al wat út syn gewoane dwaan. It sil ’m wol oan it waar lizze, of it feit dat syn buorman wer thús is, dêr’t er it net sa bêst mei fine kin. Yn alle gefallen is er noartsk en eamelet wat op ’e dingen om. Dat docht er almeast net, hy is fakentiids fleurich en gemoedlik, hiel oars as sa’t er fan ’e middei is. Ek syn rol as gasthear is him blykber ûntgien, want ik moast op in stuit sels mar oerein om wetter op te setten foar tee. Hy hat noch altyd deselde fluittsjettel, dy wie út ’e dyk dold en docht net ûnder foar sa’n nijmoadrich elektrysk ding, is er fan betinken. Al is er gemoedlik, fan de measte moderne dingen moat er net safolle hawwe.

Mar no weromkommend op fan ’e middei en it feit dat pake wat út syn dwaan is.

‘Sil ik dan mar tee sette’, freegje ik, want it is in waarme dei, dus wat drinken is net ferkeard. No haw ik ek wol sin oan wat fris, mar ik wit dat pake dat net yn syn flatsje hat, dus dan mar wat tee. Mem seit altyd dat plus en plus min is. Dêrmei doelt se derop dat je ôfkuolje wannear’t je waarme tee op in waarme dei drinke. Unsin fansels, mar it giet no om it focht.

Op myn fraach grommelet pake dat ik dat fral mar dwaan moat.

It gas stiet oan en foar’t ik sitten gean, doch ik it rútsje noch wat fierder iepen. Pake wennet op de heechste ferdjipping fan it Dr. Wumkeshûs, dus it kin lekker wat trochsige op dizze brodske dei yn augustus. Doe’t ik hjirhinne fytste hie ik it swit al goed op ’e holle. It parkearterrein by it fersoargingstehûs stiet grôtfol mei auto’s, allegearre minsken dy’t de stêd yn binne om fertier te sykjen, of fansels op it wetter binne.

‘Hat pake noch wat meikrigen fan de boatsjeboel ferline wike?’ freegje ik belangstellend en as opmaat nei in leuk nijtsje.

‘Do bedoelst de Snitswike? Och, praat my der net fan.’

‘Wat no?’ Oars wie dat pake syn hichtepunt fan ’t jier, hy fûn it altyd prachtich moai.

‘Och jonge, it is ommers ien en al drinkerij en feestfierderij. Ik sjoch hjir út it rút wei wol dat hiele folksstammen de stêd yn tsjogge. Der is gjin lol mear oan. Kinst dy nergens de kont keare of do rinst tsjin dronken jeugd oan. Ja, dêrom silsto it wol leuk fine.’

Sa krij ik ek noch in feech út ’e panne, om mar te swijen oer it feit dat it de lêste pear jier wol wat tafalt mei de drinkerij. Dat negearje ik mar en freegje: ‘Mar pake wie oars altyd mei ús mei en hie doch de grutste wille? Oeral efkes sjen en benammen mei de Hurdsyldei it wetter op, want dat die jo noch it measte oan eartiids tinken.’

‘Dat is ek wol sa’, jout er ta. ‘Ik tocht, wat moatte jimme ek mei sa’n âld man op sleeptou, do hast dyn kammeraten en ik hie ferline jier de yndruk dat jim mem har nocht wat hie fan de drokte. Doe haw ik neitocht, en tocht, wat moat ik dêr ek langer? It is no oan ’e jongerein. En sûnder jim beppe is de lol der dochs wol ôf. It is ek net mear sa’t it eartiids wie. Wie it ek wol drok, mar folle ynbanniger. No moat elkenien der oan fertsjinje en wurdt it troch de media wol sa ferskuorrend opkloppe allegearre. Freeslik. Lit my it mar myn tinzen hâlde sa’t it earder wie. Doe’t ik noch mei beppe dêr omskarrele en op it wetter wie. Och ja, mei jimme beppe’, mimeret er.

No sil er wol fertelle hoe’t er beppe moete hat. Nei’t se trije jier lyn stoarn is, is dat syn favoryt petearûnderwerp wurden. Ik haw it al sa faak heard, mar as er dêr oer begjint, lit ik him mar gewurde, fanwegen it feit dat er hjoed sa nitelich is.

Sûnder fierdere opmerking giet er ynienen op syn ferhaal oer: ‘Ik bin berne yn 1932, twa jier foardat der besletten waard om de Snitswike te hâlden. Us heit, dyn oerpake, wie in skipper yn ieren en sinen, al hied er dat bestean opjaan moatten nei’t er troch in ûngemak foar de helte ferlamme rekke wie. Doe’t der oppere waard in Sneeker Zeilweek te organisearjen, hie ús pake dêr wol earen nei, want it bloed krûpt dêr’t it net gean kin. Hy wie safolle mooglik by it wetter te finen, as him dat tastien waard. Ik haw dat fan hearren en sizzen, want ús heit is krekt foar de oarloch al stoarn. Ik wol mar sizze dat wy dêr ek troch oanstutsen binne, der sit skippersbloed yn ús. Ik haw ek net skipper west, mar haw wol altyd op it wetter west. Us buorman fiske gauris en dan wie ik mei him mei. Nachtfiskjen, fansels, want de oare deis moasten wy wer oan ’t wurk. Dat wie ôfsjen, mar wy hienen it der wol foar oer. Letter haw ik sels in boatsje kocht en hawwe wy hiel wat ôffearn.

Do snapst dat de Snitswike altyd it hichtepunt fan it jier wie, dêr’t jim beppe en ik tegearre graach hinne gienen, en letter mei jimme mem, doe’t dy âld genôch wie. Ferjit ik it suver, mar beppe en ik hawwe inoar troffen op de Snitswike.

It wie yn 1945 doe’t nei de oarloch foar it earst de Snitswike wer hâlden waard. Want yn 1943 en ’44 wie it net trochgien, wat ek net sa nuver wie fansels. Oan ’e kant fan it wetter stie se ynienen. Har hier weage noch mear op ’e wyn as it wetter dêr’t se nei stie te sjen. Om’t de oarloch krekt dien wie, hie ik it idee dat elkenien noch útskroevener wie as oars. Ik wie mei in ploechje skoalkammeraten op ’en paad...’

‘Ho ris efkes’, ûnderbrek ik syn ferhaal. ‘Yn 1945 wie pake noch mar trettjin, dan wie pake der wol betiid by!’ Ik besykje him mei wat humor op te fleurjen.

‘E jonge, dat is ommers neat ferlike by hjoed-de-dei. Se bespringe inoar no al as se noch mar kwalik droech achter de earen binne’, sjit er ferheftich út ’e slof. ‘Boppedat bin ik noch net klear mei it ferhaal.’

Stikem moat ik wol laitsje om syn fûle reaksje. Pake hat neat yn ’e gaten en giet stoef troch.

‘Sy wie mei wat freondinnen en doe hawwe wy dy deis wat byinoar omskarrele en sawathinne. Sy wenne doe yn Skearnegoutum, dus net sa fier fan Snits ôf. Likegoed hawwe wy nei de tiid noait wer mei-inoar ôfpraat, al wie it fan it begjin ôf oan wol dúdlik dat it klikte. Mar ik wie noch mar trettjin, ja. Dus totaal gjin ûnderfining mei froulju, en it wie in hiele oare tiid. Doe moastest soks noch mei takt oanpakke, dat hoecht tsjintwurdich net mear.’

No, hy hat it hjoed wol te pakken mei syn negative ynslach.

‘Mar wat wol it tafal no, of wie it sa foarbestimd? Presys fiif jier letter, yn 1950, seach ik dyselde weagen yn it ljochtblûne hier skerp ôfstekken tsjin it dûnkere wetter dêr’t dy heldere eagen nei sieten te stoareagjen. Myn hert makke in spronkje, ik werkende har yn ien eachopslach. By har wie it fan itselde lekken in pak doe’t ik har oanspruts. Dus de Snitswike hat foar ús eins altyd it begjin fan ús relaasje west, ek al binne wy troud yn maaie en wurdt dat oanhâlden as hoelang’t wy byinoar west hawwe.

Doe’t yn 1985 de Snitswike syn 50-jierrich jubileum fierde, hiene wy eins ús 25-jierrich jubileum. Och, wat wie dat in moaie tiid yn augustus. Haw ik al sein dat it doe folle mear om ’e sport draaide as no? Der wienen allegearre minsken dy’t dêr it hiele jier nei útseagen, dy’t it yn it foarste plak om de boaten en de sport gie. En om inoar te moetsjen en te praten oer eardere tiden. Tsjintwurdich is it ien en al sûpen en feesten. De measten sjogge net iens in boat of se moatte mei harren dronken kop tafallich yn it wetter tûmelje. Nee jonge, dy Snitswike fan hjoed-de-dei, dy hat syn sjarme wol ferlern.’

‘No dat wit ik sa krekt noch net, hear’, besykje ik in brechje te meitsjen nei wat my hieltyd op ’e tonge baarnt.

‘Wat witsto der no fan hoe’t it foarhinne wie, doe wiesto der noch net iens!’

Dat is net wat ik bedoel en ik sil dat besykje dúdlik te meitsjen, al falt it my net ta om dat kalm en bedaard te dwaan. ‘Fansels wit ik dêr neat fan, mar ik wit wol dat it syn sjarme noch wol hat.’ Ik gean yn ien sike fierder, want ik wol net hawwe dat er wer in tirade ôfstekt oer liters bier en oar guod dat de wearde der ôfspield hat. ‘Ik haw in hiel leuk famke troffen ferline wike en it klikt behoarlik. Ferline jier ek al en no wer, dat wy sjogge inoar fan ’t wykein wer om der net wer in jier tusken sitte te litten.’ Sa, dat is der út en no bin ik benijd nei pake syn reaksje.

Dy sit ferstuivere yn syn âlde smookstoel en ik sjoch him tinken hoe’t er hjir no op reagearje moat. It moat gjin ôfbrek dwaan oan syn eardere útspraken, mar ek posityf tsjin my oer wêze. By eintsjebeslút komt er net fierder as: ‘No, dan hat it syn sjarme dochs net hielendal ferlern.’ En in bettere reaksje hie ik my net winskje kinnen fan ús pake.

Geart Tigchelaar

Sjoch foar de printferzy by de download (op desktop rjochtsboppe)

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side