Folksferhaal:
Twillingsuske
Ik ha sterk it gefoel dat ik in twillingsuske ha en dat ha ik myn hiele libben al hân. Doe’t ik jong wie, hearde ik ús mem en muoike Griet ris praten. Ik siet mûsstil ûnder de tafel te boartsjen en op in stuit gie it praten oer yn flústerjen. Hja hiene it oer in Freerkje en mem wie tige benijd hoe’t it mei har wêze soe. Muoike Griet: “Mar dat kinst dochs freegje?” Mem woe dêr neat fan witte, want hja hie it oer in belofte. Der waard ek oer Amearika praat... en oer Janke, de dochter fan omke Andries en muoike Beth dy’t mei Raymond Brower troud wie. Muoike Beth wie in suster fan ús heit en har man Andries Kats wie de broer fan Aagje Kats dy’t eartiids yn Twizel wyksuster wie. Yn it begjin fan har trouwen binne omke en muoike nei Amearika emigrearre. Doe’t ik stikem ûnder it taffelsswilk wei kipe, seach ik dat mem gûlde en der in trien oer har wang rôle. Se sei: “Ik wit wol dat it miskien in hiele opjefte wêze soe om op myn leeftyd twa lytse poppen grut te bringen en dat Janke skitende graach in dochter ha woe, mar mei wat mear help fan Foppe’ Jel hie it dochs wol kinnen?”
In oare kear dat ik wat oer Freerkje hearde, wie midden yn ‘e nacht. Heit en mem leinen yn in bedstee en ik yn in keammerke dêrby. Op in stuit waard ik wekker en hja sliepten blykber ek net. Heit prate súntsjes en mem wie nochal wat fan streek. Hiel dúdlik hearde ik de namme Freerkje en mem snokte dat se har sa graach ris sjen woe. Sy frege: “Mar Freerk, wy kinne dochs in kear nei Amearika gean?” Heit, dy’t boer wie, fûn lykwols dat de boattocht, it ferbliuw dêr en it fee dat fersoarge wurde moast in smak jild koste en dat de brune dat net lûke koe.
Doe’t ik âlder waard, ha ik der faak oer neitocht. It wie yn de jierren nei de Twadde Wrâldoarloch doe’t ik it libbensljocht seach. Us mem rûn al aardich nei de fjirtich en wie net mear de jongste om yn ‘e kream te moatten. Ik ha wolris heard dat it ek noch knikkert op ‘e kant wie of se hie in miskream hân en miskien hie it ek wol tefolle foar har west om twa berntsjes grut te bringen. Aagje Kats gie yn dy tiid regelmjittich nei de famylje yn Amearika en as wyksuster wie it miskien dreech, mar wol te dwaan om in lytse poppe dêrhinne mei te nimmen. Dochs hoe’t alles krekt yn syn wurk gien is, sil ik nei alle gedachten nea te witten komme.
Mar de wûnders binne de wrâld noch net út, want niis doe’t ik yn ‘e mailboks seach, wie der it folgjende berjocht dêr’t ûnder oare yn stie:
Hello there,
Do you know me? Are we related?
Frederica Brower