Myn hûntsje

Ik haw in hiel lyts hûntsje
dat hûntsje is fan my.
Rin ik troch de strjitte
dan rint hy njonken my.
Op syn koarte poatsjes
springt er op en del
en sjocht er frjemde manlju
dan wurdt er o sa fel.

Ik haw in hiel lyts hûntsje
dat hûntsje is fan my.
Dat hûntsje is in wûnder,
stik bûter yn myn brij.
Stean ik soms te sjongen
hâldt er syn eagen ticht,
syn earkes geane hin-en-wer
it is in moai gesicht.

Lis ik nachts te sliepen
dan leit er op myn sprei,
want hy is myn bewaker
myn hûntsje past op my.
Sa bin ik oeral feilich,
ik stean by him yn ‘t kryt.
Ik haw in hiel lyts hûntsje,
ik wol him noait wer kwyt.

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side