It wurk fan de húsfrou

waskdei
Op moandei wie it waskdei. It waskjen gong doe noch op ’e hân. Húsfroulju wiene der de hiele dei mei besteld. Earst kaam de wask yn de weak yn in tobbe. Smoarge dingen kamen apart yn in amer, dat barde faak al de jûns fan tefoaren. Moandeis kaam de wask út it earste sop en waard ien kear útspield. It wytguod kaam yn de hântsjettel en waard útsean op in petroaljestel of op in kôkkachel. Foar it spielen kaam de wask op de bleek. De smoarge plakken yn de wask waarden dan oansmard mei griene sjippe. Dan waard it guod mei de hân wosken en útspield yn tobben. Men die dan wat blausel yn it wetter sadat de wask noch witer like. As it reinde, bleau de wask wolris in dei yn it spielwetter stean. Dêrnei moast de boel mei de hân of mei de wringer útwrongen wurde. De húsfroulju makken op sa’n dei faak maklik iten lykas brune beantsjes, stro of snert.

op ’e line
De wask kaam altyd kreas op de line te hingjen, handoeken by handoeken en teedoeken by teedoeken, de ûnderklean by de ûnderklean, fan grut nei lyts. De lekkens hongen meast yn ’e broek, dan bollen se moai op yn de wyn. Sa’n folle waskline wie in plaatsje. Koest der oan sjen oft it in goeie húsfrou wie of net dy’t de wask bûten hongen hie. Dêr waardst faak yn in doarp op ôfrekkene. Guon minsken dy’t in romme souder hiene, hongen by min waar de wask op saneamde droechstokken, benammen de lekkens koene dan moai droegje. Der waarden ek wol lytse waskrekjes om de kachel set om de wask droech te krijen. Dat joech altyd in aparte geur yn de keamer.

strike
De tafel waard rom makke om te striken, de lju brûkten doe noch gjin strykplanke. De wask waard ynfochte. Der waard strutsen mei in koperen of izeren strykbout mei hjitte koaltsjes út de koalekachel deryn. Der moast gjin jiske op it strykguod griemd wurde, want dan koest wer opnij begjinne mei waskjen.

dútske lekkens en bûnte slopen
By ’t winter kamen de Dútske lekkens en bûnte slopen op de bêden. Dy hoegden net strutsen te wurden. Sy waarden kreas opteard. Guon froulju seine dat se dy lekkens mei it gat strutsen, dat wol sizze dat se derop sitten gongen.

kerweikedei
Der waard faak ek in dei bestege oan it reparearjen fan stikkene klean, it wie dan tiid foar it naaiwurk. Froulju dy’t it wat better hiene, hiene faak in naaister oan hûs. Der waard sokstoppe, broekknibbele, der waarden nije bûsen yn de klean set of seamen yn de jurken naaid. Der wiene altyd wol putsjes te dwaan. Guon froulju wiene der o sa handich yn om sels klean te naaien of te breidzjen.

feger en blik
Moarns gongen de froulju earst mei it feger en blik om de kachel hinne om de jiske dy’t út it jiskelaad rûgele wie op te feien. It hiele hûs waard geregeld mei feger en blik oanfage, ek ûnder de matten. Froulju leine eartiids dan ek faak op de knibbels te wurkjen.

hânskrobber
In hânskrobber wie in heidene bjinder mei toutsjes deromhinne. Dêr waarden de pannen mei skrobbe. Dêr waard dan Vim foar brûkt. De pannen waarden fan ûnderen o sa swart fan it petroaljestel. As de pannen fersliten wiene, waarden se faak repareard. Earst kamen der lekstoppen yn, sadat de fersliten panne noch in skoft brûkber wie foardat de smid der op it lêst in hiele nije izeren boaiem ûnder laske.

rúthimmelje
Rúthimmelje diene de froulju mei wetter út de reinwettersbak, dat wie sêft wetter. Mei in amer wetter en in skaaltsje waarden de ruten flink ôfspield. De húsfrou hie dan earst al de kezinen en de ûnderkant fan de daksgoaten by del west mei de reagebol. Op in pleats waarden de ruten fan it wendiel meast himmele mei spûns en lear.

freedzje
Freeds kaam de hiele boel op ’e kop. De keamer waard leech makke. De matte kaam derút en der waard dweile. De stuollen en kastkes waarden ôfstoffe en yn de waaks set. Soms kaam de kachel derút en waard de kachelspiip útreage. Ek it jiskelaad waard goed útfage. De doarren en kezinen waarden ôfnommen mei in sopke. As de kachel wer oan wie, kamen de meubels wer yn de keamer en waard de boel útwreaun. It freedzjen barde faak om ’e wike, de iene wike wie it tiid foar de grutte wask, de oare wyks wie it wer tiid om te freedzjen.

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side