Húshâldlik: It Agafornús wie in útkomst!

Catharina Maria Hettinga waard op 15 maaie 1917 te Doanjum berne yn in Roomske boerehúshâlding. Se hie fiif âldere broers en trije âldere susters. ‘Doe’t ik fan kostskoalle ôfkaam moast ik kieze. Us mem siet by ‘moeder-overste’ yn de sprekkeamer. Dy frege wat ik woe: nei de Ulo of thús helpe? Ik koe de Ulo wol dwaan, mar ik woe mem net ôffalle en sei dat ik thús helpe woe. Mar ik wie de jongste en der wiene genôch famkes, dat húshâldlik wurk wie der eins net foar my. Ik wie dan ek leafst achter, by myn broers. Dêrnei haw ik naailes hân en gie ek twa jier nei de boerinne-húshâldskoalle yn Denekamp. Dêr haw ik it itensieden leard. It wie myn minste fak, ik hie der it leechste sifer foar.

Myn grutte ideaal wie om missysuster te wurden. Yn Afrika sieten trije muoikes fan my en dêr woe ik sels ek graach hinne. Ik tink dat ik wol geskikt foar de missy west hie, mar ik krige al hiel jong ferkearing. Om’t wy by ús thús noait neatdwaan mochten, haw ik doe myn hiele útset borduerd: lekkens, slopen… neam mar op. Allegear Ingelsk borduerwurk.’ Op 1 maaie 1940 troude se mei Ignatius Zeinstra, in boeresoan. Tegearre krigen se mar leafst trettjin bern, dêr’t no noch tolve fan yn libben binne, seis jonges en seis famkes. ‘De bern kamen sawat om de oardeljier, mar nûmer seis en sân wie in twaling. Ik koe goed organisearje, alles gie op regel. Myn man wie tige behelpsum. Hy wie fleurich, hold fan gesellichheid en woe altyd wol boadskippen foar my dwaan. Trije fan de seis famkes hawwe – lykas ik sels – op kostskoalle ‘St Anna’ sitten, oan de Hofstrjiite yn Harns. De oare bern giene û.o. yn Ljouwert nei de Roomske skoalle. Mei seis jier sieten se al in oere op ’e fyts, moarns ierbetiid en yn waar en wyn. As se middeis thúskamen, moasten se earst jirpelskile, allegear in bepaald oantal, en dan mochten se boartsje. Om njoggen oere jûns lei de hiele famylje op bêd.

Wy buorken op in hierpleats, in pleats fan de Boelstra’s yn it Stienser Aldlân, wy hiene sa’n tritich oant fjirtich kij. Sawol de ynwenjende feint as de faam koene melke. Fierder hiene wy middeis de fêste arbeider op de kost: Piter Radersma fan Britsum. Dy hat mear as fiifentweintich jier by ús west. Yn it begjin fan ús trouwen hiene wy allinne mar telefoan. Gjin wetter, gjin gas, gjin stroom… Pas yn de sechstiger jierren, doe’t wy alle bern al hiene, krigen wy elektrysk en wetterlieding.

Ik koe goed naaie en stopje, mar ik hie in hekel oan itensieden. It moast gebeure, dat ik stie der net te lang by stil. En myn man fûn alles lekker. Wy ieten alle dagen jirpels, ek wolris potstro of rys en sneins sop en pudding. Op freed meast stokfisk mei soerstip of in lekkerbekje. Myn man gie freeds nei de merk en naam dan steefêst fisk mei.

Alles gie by ús fansels yn it grut. Weet en jirpels hellen wy by myn broer, dy’t op de âlderlike pleats buorke. Ik kocht in side spek fan de slachter en rikke dat yn it spekhok op de foarste souder. Der stie in twaddehâns fleismasine yn de bykeuken, dêr snijde ik de ljirre en it spek mei. De sûpengroattenbrij, de bûter en de tsiis kamen streekrjocht fan it fabryk. De bôle bakte ik sels. Dan helle myn man in sek moal by de Stienser mole en dat bewarre ik yn in grutte Keulse pot. Wy hiene in grientetún yn it achterste stik fan de jister en wy hiene fruitbeammen, dat ik haw in protte wekt en in soad sjem makke. Earst hiene wy in kôkkachel yn de bykeuken, in Küpperbusch. Dêr moast hout en turf yn. Rikje dat dat ding soms die! Us bern hawwe wolris mei looprek en al yn it bûthús stien, om’t it yn ’e hûs net mear te bankjen wie. Nêst de kachel wie in koperen pomp, dy pompte it wetter út de reinwettersbak. Mar dat wetter liet nochal wat te winskjen oer. En der wie fansels altyd te min foar de wask. Dat dêrom stie ik alle wiken op it stalt om de blaukilen en de seilboksen yn de sleat út te spielen, ek winterdeis. Letter krige ik in Agafornús yn de wenkeuken, dêr hawwe wy in bedstee oan opoffere. Wat wie dat in útkomst! It Agafornús wurke as in elektryske kachel. Ik koe der fjirtich mingel wetter yn hjit meitsje en der sieten platen op, dat de pannen en strykbouten bleauwen skjin. Ik koe der bôle yn bakke en it iten yn waarm hâlde… Moarns in kit kooks deryn en jo hoegden der de hiele dei net wer nei om te sjen.’

Se wiist nei de tekst op it tegeltsje oan de muorre. ‘Vrede is een werkwoord’ stiet derop. ‘Doe’t de bern lyts wiene, wie it wolris in toer om de frede te bewarjen. Dan tocht ik: hoe moat ik de skaakstikken no wer fersette om it elkenien nei it sin te dwaan? Frede is in ‘werkwoord’, mar leafde is dat ek. Leafde hat mei offerjen te krijen. Jo moatte soms offers bringe om in oar gelokkich te meitsjen. Leafde is: in oar gelokkich meitsje en dêrmei sels gelokkich wurde. Ik wenje no al wer in hiel skoft allinne, myn man is yn 1982 ferstoarn. Mar ik haw trijenfjirtich beppesizzers en sânentweintich oerbeppe-sizzers, dat ik bin in gelokkich minske.’

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side