Ik libbe foar it biljerten
‘Ik bin mei biljerten begûn doe’t ik fjirtjin jier wie,’ fertelt Henk van der Veer, de eardere roggebreabakker fan Broeksterwâld, dy’t mear as fiifentritich jier útblonk yn it kaderspul. ‘Ik gie dan sneons mei in maat nei it kafee, earst yn Ikkerwâld of Driezum en dêrnei yn Dokkum, nei kafee Drost. En dan wie it fan: even sitte, wat drinke en biljerte. Ik haw it mysels oanleard en ik koe der net wer mei ophâlde. Thús mochten se dêr neat fan witte. Ik haw it in hiel skoft stikem dien. Yn ús rûnte en hjir yn it doarp wiene je in útsûndering as je oan biljerten diene. Der waard hjir keatst en fuotballe, en biljerte yn in kafee, dat koe hielendal net. Mar doe’t ik sechtjin jier wie, waard ik lid fan biljertferiening It Bolwurk. Dat wie yn Dokkum yn it gebou foar kristlike belangen en dêr koe ik thús wol mei oankomme. Der stiene trije biljerttafels yn de foyer, dat alle moandeitejûnen reizge ik op ’e brommer nei It Bolwurk ta. Ik die mei oan de klupkompetysje fan sa’n tweintich biljerters en wie al gau de bêste, it spultsje fleach my oan. Hoe’t dat sa kaam? Tsja, je moatte der “feeling” foar hawwe, fansels. Je moatte ynsjen hoe’t je in punt meitsje kinne, der in searje yn sjen en je goed konsintrearje kinne.
Yn 1960 wûn ik myn earste grutte priis. Ik hie as librespiler in protte leard fan Gerrit van der Meer, dy’t yn Dokkum in kafee by de Wâldpoarte hie en hiel goed biljerte koe. Hy makke sokke grutte searjes, dêr siet ik mei ferbazing nei te sjen. Hy hat faak noardlik kampioen west en wûn yn 1957 û.o. de Jan Wiemerspartij. Wy hawwe in soad meielkoar spile en hy hat my yn 1962 foardroegen om lid fan De Friesche Club te wurden, yn ’e âld skouboarch foar de Harmonie oer oan it Ruterskertier yn Ljouwert. Dat wie fansels it Mekka fan de biljertsport en dêr waard benammen Piet Zondervan myn learmaster. Dy wie fertsjintwurdiger fan ‘Plantinga’s berenburg en jenever’, in hiele lange man, fan oer de twa meter. Hy liet my oeren op ’e stoel sitte, want hy makke samar twa-trijehûndert punten efterelkoar.
It biljerten waard in passy foar my. Ik wurke by ús heit yn it breafabryk, mar ik tocht de hiele dei oan biljerten. As it fiif oere wie, iet ik wat en siet dan al gau wer op ’e brommer, earst nei Dokkum en letter nei Ljouwert. Ik libbe foar it biljerten. Thús fûnen se dat mar sa-sa. Net ien fan myn broers die oan biljerten. Se kamen ek noait te sjen as ik in wedstriid spile. Doe’t ik sa goed wie dat ik meidwaan koe oan de Nederlânske kampioenskippen, woe ús heit dat net lije, om’t dy wedstriden op snein einigen. En op snein mocht ik net fuort te biljerten. Salang’t ik yn ’e hûs wenne, haw ik my dêroan holden. Mar doe’t ik troude, wie ik sels baas en reizge ik hiel Nederlân ôf, fan Limboarch oant Skiermûntseach. Ik spile ris fjirtjin ynvitaasjetoernoaien yn ien seizoen, dêr’t ik tolve fan wûn. Myn heechste searje wie ien fan 789 punten. Dat duorre twa oeren en wie yn Hattem by de foarrondes fan de Nederlânske kampioenskippen. Ik wie earsuchtich, woe altyd winne. Se neamden my “De keizer van het kleine biljart”. Dat is in wedstriidbiljert fan 2.30 by 1.15 meter. Wat myn geheim wie? Oefenje, oefenje en nochris oefenje. Ik hie in eigen biljert fan 2.80 by 1.40 meter yn de garaazje en ik oefene alle dagen.
Ik haw skoften yn ’e haadklasse spile, wie acht kear Frysk kampioen kader 38/2 en fiif kear Nederlânsk kampioen, earst yn de earste klasse 38/2 en libre grut en letter yn ’e haadklasse 57/2. En as iennige Fries spile ik trije kear yn ’e eareklasse mei minsken as Vultink en Van der Smissen en sa.
Doe’t ik yn 1995 troch fysike omstannichheden út it wurk rekke, tocht ik: no sil it heve, alle dagen tiid om te biljerten. Mar dat foel ôf. De wil om te winnen wie net sa grut mear. Ik hie de ambysje net en train alle dagen. Myn biljerten waard minder, ik helle de top net mear. My fêstbite op de ballen om punten te meitsjen, dat wie der net mear by. It is de leeftyd, je wurde wat grouwer, binne net mear sa linich as earder en je moatte in bril op hawwe. Ik moat it no gewoan foar myn plezier dwaan, om samar te sizzen, mar dat leit my net sa. Soms kostet it my muoite om dat ta te jaan.
Myn oare grutte passy is oargelspylje. Dat haw ik mysels ek oanleard. Ik spylje Klaverskribo, want ik kin gjin noat lêze. Ik oargelspylje alle dagen en bin al jierren en jierren organist yn de tsjerke fan Broeksterwâld. Ik bin wol wat in trochsetter, ja. As ik wat leare wol, dan set ik my dêr folslein foar yn. Sa doch ik no in kompjûterkursus. Dêr bin ik ek wer fanatyk mei dwaande. Ik wol it sa gau mooglik leare, want ik fyn it prachtich om te dwaan.’