Húshâldster: Ik fiel my net minder as in oar

Ik bin op 16 febrewaris 1916 yn Marsum berne, as jongste fan trije fammen. Heit wie boere-arbeider en mem rûn mei de bôlekoer. Wy hiene it goed thús, ik ha in gelokkige jeugd hân. Op skoalle wie ik net sa’n grutte learder, mar ik koe wol hiel goed hantwurkje: breidzje en hake… Dat is no noch myn grutste hobby. Ik sit moarns om 8 oere al te haken. En middeis gean ik der faak op út mei myn scootmobyl, dat ik ferfeel my noait.

As 14-jierrich famke kaam ik yn de húshâlding fan master Heeringa. Ik fertsjinne dêr mar f 1,75 yn ’e wike en dan iet ik ek noch thús. Nei twa jier wie my dat te min en socht ik om wat oars. Earst koe ik as faam by boer Tjaarda oan ’e slach en letter by Jehannes Hilverda, dy wie gernier. Ik fertsjinne dêr 4 gûne yn ’e wike en hie de kost derop ta. Yn 1935 krige ik ferkearing mei in Bilker. It wie in hiele kreaze jonge en ik wie earst gek mei him. Ik rekke al gau yn ferwachting, wy moasten trouwe. Mar ús famke waard mei 7 moanne dea berne. In jier as wat letter krigen wy in jonkje: Henkie.

Myn earste houlik hat 9 jier duorre en wie net gelokkich. Hy sloech mei oare froulju om. En elkenien wist dat, behalve ik. Dochs fielde ik wol dat it net doogde. Ik hie doe altyd fan dy foargefoelens en dy kamen dan út. Sa wie ik ris op ’e fyts nei myn suster yn Ljouwert. Wy soene tegearre de stêd yn om nije klean. Mar ynienen wist ik dat ik nei hûs moast. Myn suster snapte der neat fan. En ik wie de stêd noch net út of dêr trof ik myn man mei in oar frommes, earm yn earm. Ik kaam harren oer ’t mad, dat doe wist ik it ek.

Frjemd genôch skamme ik my ferskriklik. Ik waard deasiik, koe net mear ite en sliepe en doe’t ik lêst fan ’e foet krige en lizze moast, woe ik nei hûs, nei heit en mem. Ik lei dêr yn ’t bedstee en die oars net as skriemen. Deroer prate koe ik net. Troch in suster fan ús mem kamen se derachter wat der te rêden wie.

Henkie wie 6 jier, doe’t wy skieden binne. Wy moasten nei it gerjocht yn Ljouwert en ik skamme my ta de teannen út. Mar dochs bin ik doe - foar it earst fan myn libben - foar mysels opkommen. Ik haw dêr betonge dat Henkie in bêste knoarre jild op syn sparboekje krige.

Ik koe net by heit en mem bliuwe, dêrom ferhierde ik my as húshâldster by boer Nanne Kuperus. Dat wie in gefaarlik plak, de pleats stie tsjin it fleanfjild oan. Mar ik wie net bang, ik hie safolle fertriet hân, it koe my allegear net safolle mear skele. Ik libbe allinne noch foar de lytse jonge. Op in stuit waard it hûs fan Nanne syn âlden troch de Dútsers foardere, dat dy moasten by ús yn. De âldboer koe gjin bern útstean en woe dat ik Henkie fuortstjoerde. Ik waard sa lilk, ik sei: ‘Dan gean ik ek. Ik rêd my wol, ik ha myn beide hannen by my.’

Underwilens hie ik kunde krigen oan Jenne Stienstra. Dy hie syn frou ferlern en hie ferlet fan in húshâldster. Hy wurke as bûtermakker op it suvelfabryk fan Marsum, wie 22 jier âlder as ik en hie twa grutte bern, dy’t al út ’e hûs wiene. Nettsjinsteande it leeftydsferskil koene wy it goed mei elkoar fine en fan it iene kaam it oare. Yn 1946 binne wy troud. Myn twadde houlik hat goed 40 jier duorre. Jenne is yn 1986 stoarn, hy is 92 jier wurden.

Myn eigen soan – Henkie – hat noait troud west. Hy wie slim oan ’e drank, ik fûn geregeld lege flessen ûnder syn bêd. Nei de dea fan Jenne hat er in skoftke by my wenne, mar dat wie net bêst. Hy woe de baas oer my spylje. En dan dy drank… Op in stuit lei ik fiif wike yn it sikehûs - dêr hie ’k sawat in abonnemint op, sa faak bin ’k opereard – en doe’t ik wer wat opknapte, wist ik hiel seker dat ik net nei hûs woe. Ik sei tsjin de susters: ‘As jim my nei hûs stjoere, meitsje ik my fan kant.’ En dat miende ik ek, dat fernamen se wol. Se ha der doe foar soarge dat ik yn Swettehiem kaam te wenjen en letter yn Orxmastate yn Menaam. Henkie is 21/2 jier lyn stoarn, hy is 66 jier wurden.

Ik bin no 91 jier en ik haw fansels hiel wat meimakke, mar ik sjoch net mei wrok op myn libben werom. Ik haw derfan leard. Troch it libben dat ik hân ha, bin ’k selsstannich wurden. Ik skamje my net mear en ik fiel my ek net mear minder as in oar. Stânsferskil maal ik net mear om, ik praat tsjin dokters as wiene it myn gelikense.

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side