De televyzje

Der wie in wûnder bard, werklik wier, in wûnder.

“Jo hawwe it nea raarder sjoen. Jo geane jûns om sân oere foar it kastje sitten, jo drukke op in knopke, ja werklik wier en dan komt er in menear of in mefrou om te praten oer de dingen dy’t der allegearre barre yn ‘e wrâld. Oarloch en fjochterij en sa, yn fiere lannen dêr’t ik noch nea fan heard ha en oer earme berntsjes yn Biafra dy’t honger hawwe. Biafra, Sjoerd, hast do dêr wol ris fan heard? Biafra, hoe sprekke jo dat eins út?
En wat ik hielendal in merakel fyn: dan fertelle se wat foar waar oft we krije. Oft we no rein krije of sinneskynwaar, jo drukke op it knopke en se fertelle it, werklik wier.” De wetterfal oan wurden gong noch efkes troch want sy koe der gjin genôch fan krije om te fertellen wat foar in bjusterbaarlik apparaat der sûnt koart yn har húskeamer stie: in televyzje.

It moat earne yn de sechtiger jierren fan de foarige ieu west ha. Us heit hie in krudenierswinkel yn Surhuzum, in lyts boeredoarpke yn de gemeente Achtkarspelen. Wy as bern moasten wolris helpe mei fakken folle, of sûker ôfweagjen en yn pûden dwaan. Ik bin der noch hieltyd net achterkaam wêrom oft ik altyd twa pûn sûker en net in kilo yn in pûde dwaan moast. De minsken yn dy tiid kochten ek nea in kilo sûker mar altyd twa pûn. Us heit hie der ek gjin antwurd op, mar hawar, ik sil by it ferhaal bliuwe. Antsje, want sa hjit de frou fan de televyzje, wie ien fan de earsten yn it doarp dy’t sa’n kastje oanskafte. Se hie der goede ferhalen oer heard en dat woe se no sels ek wol meimeitsje. Us heit en ik lústeren fernuvere nei har ferslach oer wat der allegearre te sjen en te hearren wie.

Mar in wike of wat letter waarden de ferhalen oer de televyzje-aventoeren wat minder. It wie oft it laaiende fjoer wat oan it dimjen wie. Dat foel ús heit op en hy woe der mear fan witte. “Sis Antsje, hoe giet it mei de televyzje? Sjochst der noch wol nei?” “Jawol” sei Antsje wat skytskoarjend, “ik sjoch der noch wol nei, mar ik wol dat ding net mear alle dagen oan ha.” “Hoe no?” frege ús heit.

“Tsja Sjoerd jonge, dat sil ‘k dy sizze. Hja socht nei de júste wurden om út te lizzen wat no eins it probleem wie. “Sjoch, it sit sa: Dy minsken fan de televyzje komme altyd op tiid hè, en se hawwe ek altyd de moaie klean oan. Dat wurdt my allegearre wat tefolle: want ik moat wol altyd om sân oere klear sitte yn ‘e sneinske klean. En wat ik ek net sa moai fyn is dat se nea nei my lústerje. Werklik wier, se sizze nea wat werom. Sy fertelle harren eigen ferhaal, mar se lústerje nea nei my.”

 

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side

Skriuw jo yn om as earste op de hichte te wêzen