Folksferhaal:
De twaling

Hy waard berne en grutbrocht op in boerespultsje yn ‘e miedlannen. Syn heit en mem hiene al rillegau yn ‘e gaten dat it in nifeler wie. Hy mocht graach spikerje en seagje en op it boerehiem wie altyd wol wat te finen dêr’t er wat mei ompiele koe. Nei sân klassen op ‘e legere skoalle fûnen heit en mem dat er mar in fak leare moast en hy gie yn ‘e lear by de timmerman yn it doarp. Heit kocht in healsliten fytske foar him en mei it bôletrompke efterop gie hy moarns út de mieden wei nei de buorren om de keunst by de timmerman ôf te sjen. De baas hie nocht oan him: it wie in handich mantsje, hy learde flot en wie nijsgjirrich hoe’t de dingen makke waarden. Wis, hy moast yn it begjin spuonnen feie en hy waard troch de oare feinten nei de smid stjoerd om in plintljedder, mar dat hearde der by. Hy learde seagjen en skaven, holp mei om kezinen te meitsjen en sels it âlde ambacht fan it meitsjen fan in swellesturtferbining waard him bybrocht.

En ûnder it wurk waard er ek ynfierd yn saken dy’t har yn it maatskiplike, it tsjerklike en politike libben ôfspilen. It gie dan faak om dingen dêr’t er wolris fan heard hie mar dêr’t thús net in soad wurden oan smoarch makke waarden. Dat gie ek op foar wat him by man en frou ôfspile tusken de lekkens. Dêr waard yn de timmermanswurkpleats soms iepen, mar meastentiids wat temûk oer praat. Hy snapte net krekt wat de mannen bedoelden, mar hy hie wol troch dat it mei de fuortplanting en wat dêr oan foarôf giet te krijen hie. Dat wie him as boerejonge net alhiel frjemd, want dat hie er op ‘e pleats faak genôch meimakke. Mar dat it mei minsken ek sa gie? Oan it praat fan de mannen te hearren, moast it dochs wol hiel wat moais en bysûnders wêze.

Op in moarntiid ûnder it kofjedrinken fertelde ien fan de manlju dat by Kramer de smid, krekt efkes fierder yn de strjitte, in twaling berne wie. Twa jonkjes noch wol en dêr wiene de smid en de frou wakker wiis mei. Want der wie grif ien fan beiden dy’t op den doer de saak oernimme koe. It feintsje hearde it oan en sei ynienen: “Wat spitich foar Kramer.” De oaren seagen him ferheard oan en de baas frege: “Wat bedoelt er dêrmei jonge?” It feintsje andere: “Kramer hat der mar ien kear wille fan hân.”

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side