De reinwettersbak

Wy wennen op ’e romte, ticht by it spoar en by ús thús hiene wy gjin stroom en gjin wetterlieding. Wy wiene om samar te sizzen oanwiisd op himelwetter. Tusken it hûs en de reinwettersbak wie in filterbak ynstallearre, dat wie yn de oarloch eins al hiel modern. Sa’n bak hie in grutte fan sawat in kante meter. Op de boaiem lei sân, grint en in soarte fan stienkoal; dat meimekoar suvere it reinwetter foardat it yn de reinwettersbak telâne kaam. As it bot reinde, streamde de bak wolris oer. Ien kear yn it jier waard de filterbak skjinmakke.

De reinwettersbak mei it putdeksel derop wie ús hiele wetterfoarried, dêr moasten wy it as húshâlding mei dwaan. En der siet  aardich wat wetter yn, want der koe wol oardel mins rjochtop yn stean. Der hong in putammerke yn, dêr’t wy it wetter mei omheech hellen. It ketting moast net brekke fansels, want dan lei de amer ûnder yn de put en wa’t der ienkear yn siet, kaam der samar net wer út.

Wy brûkten it wetter út de reinwettersbak as drinkwetter, mar ek foar saken as itensieden en de wask fansels. It drinkwetter waard earst wol sean troch ús mem. It smakke lekkerder as kraanwetter, seine wy yn dy tiid. Wy wisten ek net better fansels. De put rekke eins noait leech, teminsten, dat heucht my net. By ’t winter rekke de boel wolris beferzen. Wy stompten it iis yn de bak dan stikken mei de polsstok. It wetter út de reinwettersbak wie altyd lekker fris. It wie sacht wetter, sa waard der sein, dêr’t men bygelyks ek goed mei rúthimmelje koe. By ús yn de gong stie altyd in amer wetter mei in sleef  deryn, sa koene wy altyd drinke, safolle as wy mar woene. Doe’t de reinwettersbakken letter net mear brûkt waarden, waarden se faak tichtsmiten mei pún en sân, want oars begong it te stjonken. As it wetter der al yn stean bleau, wie men ek bang dat de bern der ynfalle soene en deryn ferdronken.

Fierder dronken wy thús kofje en tee en in soad geite- en skiepmolke. Skiepmolke fûn ik lekkerder, wit ik noch wol. Skiepmolke waard ek wol brûkt oer de seane jirpels hinne. Dat smakke lekker. Alkohol waard by ús thús net skonken, dêr taalden wy doe net nei. In mins kin blykber mei in bytsje ta. Wy binne teminsten altyd sûn bleaun by it wetter út de reinwettersbak.

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side