Bingoferhaal: Soan fan de molkboer

Us heit hat 35 jier molkboer west. Hy is op syn 15e al begûn op de âlderwetske molkkarre. Earst tegearre mei ús pake, dy’t doe sawat 51, 52 jier âld west hat. Letter naam heit de saak oer en gong er yn in grutte SRV-wein fan wol 9 meter de klanten bydel. Fan jongs ôf oan gong ik nei skoaltiid en yn it wykein wol mei him de dyk op. Sa brocht heit sneontemoarns altiten likernôch tritich bestellings nei it soarchsintrum by ús yn it doarp. Dat wie altiten in soad wurk, want it hûs moast net allinnich foar de keuken hiel wat ynkeapje, ek alle 73 bewenners koenen net oerslein wurde.

Mar it begûn altiten yn de keuken. Faak wie ’t dêr smoardrok en dan heardest hieltiid minsken tsjin inoar roppen: ‘Iten foar keamer 36!

Keamer 49 hat fan ’e wike in dieet fan dokter krigen, hâlde jimme dêr rekken mei?

Frou De Jong fan keamer 71 is fan ’e wike ferhuze nei it ferpleechhús, dy hoecht no net mear.

Wop Liger is 12 maaie 70 wurden en hâldt de 17e in grut feest, mei syn twadde frou fan 47, syn 11 bern, 39 pakesizzers en 16 oerpakesizzers! Soargesto efkes dat der 5 flessen Exota, 18 pakjes Kwatta, 23 koetjesrepen foar de bern, 8 flessen Rivella, 22 ûns tsiis en 44 stikjes woarst komme?

O ja, en doch der ek mar 53 toverballen by en 31 pakken kofje... en wy moatte ek noch soargje foar 7 jeneverkes en 13 advokaatsjes.’

Dy drokte yn de keuken fûn ’k neat oan. Stiest der altiten mar wat ferlern by, soms wol 25 minuten en ast dan wat útspoekje woest, wie der altiten wol ien dy’t dy weromfluite. Nee, dêr moast ik as lytse jonge neat fan ha. It moaiste fûn ik om nei de âlde wyfkes ta, dy’t meastentiids 61, 62 of 63 jier wienen. Guon joegen ús heit yn de wike foarôf har boadskippelistke troch. Of hy helle it listke op. Mar der wienen der ek by dy’t seinen: ‘Moai datsto der bist, Thys, sjoch mar efkes yn ’e kast, want do witst wol wat ik nedich ha. Ik haw 40 gûne op it oanrjocht lein. Moatst mar efkes sjen wat ik hjoed oan dy kwyt bin.’

As ús heit dan oan it wurk wie, hienen de âlde wyfkes de grutste ferhalen tsjin my: ‘Soa, do bist ien fan Jagersma, is ’t net? Ja ja, dat kin ik wol oan it kopke sjen!’ En dan laken se en aaiden my oer it hier. Ik fûn dêr fansels neat oan, want it gong my doe allinnich mar om de buit. By hast eltse keamer krige ik wol ien of mear suertsjes en oan de ein fan de moarn hie ik moai de bûsen fol snobbersguod. As ik dan thúskaam, lei ik se altiten op in rychje op de tafel del en begûn te tellen. Ien kear hie ik wol 45, 46, ja sels wol 48 suertsjes en ek noch 21 kwartsjes as bûsjild. De âlde froulju koene altyd hiel wat misse. Ik waard as soan fan de molkboer yn de grûn bedoarn troch harren!

Der wienen ek wol aardige âlde keardels by, hear. Dy wienen dan oan it biljerten op de gong. As ús heit by de doarren lâns gong, mocht ik har helpe om de punten by te hâlden. Meastentiids wienen hja mei syn seizen.

Der wienen altiten trije by dy’t neat dienen, mar wol it grutste wurd hienen. De oaren wiene fanatyk dwaande mei it spultsje en fertelden my wat ik opskriuwe moast: 27, 28, 29…!

`Blinder, do giest mar bêst, âlde… 32, 33, 34. Tsjongejonge, it is no wol hast klear of net. Hoefolle hast? 41, 42 punten?’

It spultsje hâlde altiten op as der 50 punten makke wienen, dat hienen se my al gau leard. Mar soms hâlden se my foar de gek. ‘37, 38, 43, 64, 65, 74’. Meastentiids hie ik dat wol yn ’e gaten, mar it barde ek wol dat ik gewoan oan it turvjen wie en net iens hearde wat se no krekt rôpen.

Fansels wie ’t net altiten leuk dat ús heit molkboer wie. Hast elkenien koe him en dêrmei ús ek. It wie op in freed neffens my, om krekt te wêzen de 24e fan de simmermoanne, doe’t wy fersidekrûperke boarten: ‘56, 57, 58, 59’. Ik drave fansels, achter de lantearnepeal: ‘66, 67, 68, 69… Ik kom...’, rôp myn broer. Hy draaide him om en draafde fuort om ús te sykjen. Fansels fytste krekt frou De Jong foarby...

KLETS, alles oer de kop!!!

Sy hie krekt fjouwer doaskes mei elk tsien aaien yn in taske oan ’t stjoer en wol fjirtjin flessen molke yn de fytstas. Allegearre by ús mem yn de winkel kocht. De flessen wienen gelokkich noch hiel, want dy wienen krekt fan plestik wurden, mar de aaien wienen stikken. Alles siet derûnder en it slimste wie dat frou De Jong raasde: ‘Do bist ien fan Jagersma, is ’t net!’ Se werkende myn broer.

Sy werom nei de winkel.

De aaien moasten wy doe fan ús eigen bûsjild betelje, dat wy hâlden dêr dy wyks hast neat fan oer. Wy krigen nammentlik mar 72 sinten wyks en de aaien kosten 26 sinten it doaske. Neidat we elk de helte fan de doaskes betelle hienen, hâlden we mar 20 sint oer.

Gelokkich mochten we de oare deis wer mei nei ’t soarchsintrum, dat soe grif wol wer wat opsmite! Jim begripe, ik kaam dêr graach, oant hjoed de dei ta! Us heit ek trouwens, want hy is yntusken de jongste ek net mear. Hy is fan ’t simmer 60 wurden en mei no sels mei de aktiviteiten fan it tehús meidwaan. Fansels sinnige him dat hielendal net, mar lêsten hat hy al mei ús mem fan 54, ek hast in 55-plusser, en ús beppe fan 75 nei de 19e toanielfoarstelling fan de klup west en neffens wat ik begrepen haw, smakke dat nei mear…

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side