Ik mocht ôfgryslik graach melke

Op 6 augustus 1919 bin ik berne as jongste soan fan Jacobus Wieling en Metsje Vriesinga. Dat wie op ’e Heide, in buorskip by Boarnburgum. Myn broer en suster wiene folle âlder, ik wie in neikommerke. Us heit wie losarbeider by Veenbaas en myn suster wurke dêr as boerefaam. Op skoalle wie ik net sa’n learder, ik hie folle mear nocht oan it boerewurk, dat mei 11, 12 jier siet ik by Veenbaas al ûnder de kij. Ja, ik mocht ôfgryslik graach melke.

Doe’t ik yn 1933 fan skoalle ôf wie, waard ik dêr lytsfeint. Us heit kocht in húske yn Boarnburgum en ik gie nei de pleats te Goaiingahuzen, in eilantsje tusken Grou en De Feanhoop, want Veenbaas waard dêr setboer. Ik wit it noch krekt: it wie sierlik waar dy 12e maaie, de kij koene yn it lân. De oare moarns lei der hast wol in meter snie, dat doe moasten wy de kij wer opsette.

Ik sliepte dêr mei de grutfeint op in bêd op ’e souder, hieltyd wer in oarenien. Yn de pear jier dat ik by Veenbaas wie, hawwe der wol tsien ferskillende grutfeinten west. It wie dêr fansels nochal iensum, jo koene der allinne mar farrende komme.

Alle sneinen gie ik even nei hûs, tusken it melken yn. En ien kear yn de fjouwer wike hie ik in hiele snein frij. Us heit sei: Do silst dêr wol achter de hynders komme. Hy hie in hekel oan hynders, mar ik net. Mei 15 jier siet ik al op ’e meanmasine mei twa hynders derfoar of wie ik oan it keatlingeidzjen. Ik koe goed mei hynders oerwei, al sis ik it sels. It wurk foldie my ek goed, mar nei in pear jier waard it my dêr dochs wat te stil en socht ik om wat oars. Ik woe sneintejûns ek wolris mei maten fuort. Dat, doe’t ik in jier as 17 wie, bestelde ik my by Andrys Helfrich, dy’t oan de Drachtster Heawei op ’e Feanhoop wenne. Us heit sei: Do moatst dy boer ôfskriuwe, der is gjin minder man op ierde. Dat haw ik net dien. Ik hie sjoen hoe’t er mei syn bern omgie. Ik tocht: Nee, do bist net sa’n minne keardel. En ik krige gelyk: ik haw dêr in poerbêst plak hân en ik ha dêr fan alles dien en leard: seinemeane, stikellûke, weidloegje, greppelje, mjuksje, strontkroadzje, kealleboarne, bushimmelje, neam mar op.

It lân lei tsjin de Wide Ie oan en dêr giene wy simmerdeis mei it skouke hinne. Wy molken tegearre 28 kij. Ik hie dêr kost en ynwenning en fertsjinne 4 gûne yn ’e wike, dat ik koe sneintejûns te stappen. De earste kearen moast ik op it rút klopje as ik midden yn ’e nacht thúskaam, dan liet de boer my deryn. Nei trije sneinen krige ik de kaai mei, hy fertroude my wol.

Ik bin trouwens dy earste maitiids slim siik wurden. Ik krige ôfgryslik suchtige skonken. De boer stjoerde my op it lêst mar ris nei dokter ta en doe die bliken dat ik it oan de nieren hie. Ik haw in jier siik thús west. En dy ‘minne’ boer kaam alle wiken in kear by my. Doe’t ik wer better wie, begûn de mobilisaasje en waarden de hynders foardere. Mar Andrys syn kêde wie 25 jier, dy wie te âld. En it hynder fan 2 jier wie te jong, dat de boer koe syn bisten hâlde.

Nei de oarloch wie ik in skoft arbeider by Lute Hoekstra op Warniahuzen by Aldeboarn. Dy wie earst setboer, mar begûn letter foar himsels. Doe waard ik grutfeint op Grutte Wyngaarden by Frans van der Burg fan Langsweagen. Yn dy tiid haw ik myn frou kennen leard: Boukje Veenstra fan De Gordyk. Wy binne op 7 maaie 1948 troud en wy ha twa bern krigen: Anneke en Koos. Us Anneke is in pear jier lyn ferûngelokke, se wie doe 54 jier. Dat wie in grutte slach foar ús. Ja, dêr hawwe de frou en ik in protte fertriet fan.

Ik haw oant myn 50e jier boere-arbeider west. Doe hold Frans van der Burg op fan buorkjen en moast ik wat oars. Jo binne dan net jong genôch mear foar it boerewurk, dat doe haw ik noch tolve jier achter de spielmasine op it suvelfabryk fan de Frico yn Wergea stien. Wy wennen earst yn ien fan de dykhúskes ûnder Reduzum. De bern giene yn it doarp nei skoalle en woene dêr graach bliuwe, dat doe ha wy yn Reduzum foar 9.500 gûne in hûs kocht, dêr’t wy no al wer 38 jier mei in protte nocht yn wenje.

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side