Aktiviteiten

Dat wie doe sa

Dat wie doe sa biedt in soad nijsgjirrige ferhalen, fideo's, foto's, muzyk en oare lûdsfragminten fan doe. It materiaal beljochtet it resinte ferline fan alle kanten en jout oanlieding ta reaksjes en ferhalen. ‘Dat wie doe sa’ giet oer ‘doe’ mar is altyd by de tiid. Dat makket Dat wie doe sa nijsgjirrich foar âlderen, har bern, mar ek foar professionals yn de soarch.

 

 

Dat wie doe sa is ûnderdiel fan it projekt Frysk yn 'e soarch. Sjoch foar mear ynformaasje op de website friesindezorg.frl.

Brûk de knop 'filterje resultaten' as jo wat spesifyks sykje, of lit jo ferrasse troch it ûndersteand oersjoch. Hawwe jo weardefolle oanfollings, suggestjes of nije aktiviteiten? Mail se dan nei datwiedoesa@afuk.nl.

Filterje resultaten

Bingoferhaal: In feest fan snie

Bingoferhaal: In feest fan snie

Op it skoalleplein wiene alle 74 bern fan ús skoalle út ’e skroeven. Snie! Nimmen woe yn skoalle, noch yn gjin 40 jier! Ek net doe’t master noch in kear om 9 oere de skoalbelle rinkelje liet. Der fleagen wol 60-70 snieballen troch de loft.

Fierder lêze

Tema's: Skoalle / Leafde

In tsien foar algebra

In tsien foar algebra

Geertje Wijbenga-Heeringa - 1926

Ik siet yn Ternaard op de iepenbiere skoalle. Ik koe goed leare. Yn de fjirde klasse die ik by it rekkenjen mei de bern fan de fyfde klasse mei.

Fierder lêze

Tema's: Skoalle / Ferskaat

Nei skoalle yn in omkearde winterjas

Nei skoalle yn in omkearde winterjas

Wijpkje de Vries-Hiemstra - 1928

Ik hie in ‘omkearde’ winterjas. Dy hie ús mem sels makke út in âld jas fan ús heit. Se hie der sa’n protte wurk fan hân, dat doe’t in slip fan dy jas yn myn fytstsjil rekke en it allegear gatsjes wie, doarst ik dat thús net heal te fertellen.

Fierder lêze

Tema's: Deistich libben / Skoalle / Iten en drinken

Op de foto

Op de foto

Dizze dei is oars, dizze dei is spannend: wy komme mei de hiele skoalle op de foto!

Fierder lêze

Tema's: Skoalle

Kleur - Margryt Poortstra

Kleur - Margryt Poortstra

Foar elkenien dy't nijsgjirrich is nei Fryske ferhalen

Fierder lêze

Tema's: Skoalle / Deistich libben / It libben rûn / Ferskaat

Keninginnedei: Triennen yn de eagen

Keninginnedei: Triennen yn de eagen

Ymkje de Jong-Vrieswijk - 1919

Wy wiene by ús thús nochal oranjegesind, dat Keninginnedei wie in grut feest, miskien wol it grutste feest fan it jier. Doe’t ik noch in bern wie, fierden wy it fansels op 31 augustus, de jierdei fan keninginne Wilhelmina.

Fierder lêze

Tema's: Feest en feestdagen / Skoalle

Goed personiel - Ate Grypstra

Goed personiel - Ate Grypstra

Foar elkenien dy't nijsgjirrich is nei Fryske ferhalen

Fierder lêze

Tema's: Skoalle / Deistich libben / Ferskaat

In Flam - Riek Landman

In Flam - Riek Landman

Foar elkenien dy't nijsgjirrich is nei Fryske ferhalen

Fierder lêze

Tema's: Leafde / Natoer / It libben rûn / Skoalle

Diel dizze side