Museumtip: De Grutterswinkel yn Ljouwert

26 mei 2015

It museum De Grutterswinkel yn Ljouwert bestiet út ferskillende romten dy't hast allegear frij tagonklik binne. Yn de eardere wenkeamers wurdt in farsk kopke kofje of tee skonken mei oranjekoeke en in écht Frysk dúmke. Under it kofjelokaal is in fjouwer ieuwen âlde wynkelder mei troggewelf bewarre bleaun. Op de earste ferdjipping is it achterhûs, dêr't út bliken docht hoe lyts in gesin earder libbe, mei it bedstee en it húske. 

Museum de Grutterswinkel beskikt oer in gesellich sealtsje dêr't groepen fan minimaal 12 en maksimaal 40 persoanen in feest hâlde kinne. Op fersyk kin in Frysk bôlemiel fersoarge wurde (min. 12 persoanen). Foar groepen binne der ek arranzjeminten en/of rûnliedings (€ 2,50 p.p.).  

Foar mear ynformaasje: Museum De Grutterswinkel 

Diel dizze side