Praatboeken en libbensferhalen

‘Ik ha nea earder witten hoe’t pake en beppe inoar moete hawwe.’ ‘Hasto it ferhaal fan mem har âldste broer alris heard?’ Praatboeken en libbensferhalen kinne weardefolle mominten opsmite foar dejinge fan wa’t it ferhaal is en foar syn of har famylje.

Libbensferhalen beskriuwe de mear en minder bysûndere mominten yn in persoan syn libben. Se binne bedoeld om in byld te jaan fan dy persoan en it ferhaal te dielen mei de famylje en oare neisten.

Praatboeken jouwe oan de hân fan foto’s en oare ôfbyldingen in byld fan in persoan en prikelje de brûkers om ferhalen en oantinkens fan doe op te heljen.

Beide type boeken kinne hiel goed ynset wurde as hâldfêst by it opheljen fan oantinkens by minsken dy’t al wat ferjitlik binne, yn de thússituaasje of yn de soarch.

Sjoch foar mear ynformaasje om in praatboek of libbensferhaal meitsje te litten ris op de website fan It âlders erf (www.italderserf.nl).  

Of folgje sels in kursus Levensverhalen schrijven by Marga Claus (www.margaclaus.nl/cursussen).

Diel dizze side