klinke&drinke - ferhalen fan eartiids

€ 15,00

Klinke en drinke.... noch altyd en oeral. Proast! Tsjoch! Sûnens! Hoe faak roppe wy dat wol net yn ús libben? Want sis no sels, feesten moatte fierd wurde. De deistige rûtine wurdt efkes oan kant setten. Klinke en drinke en mekoar it bêste tawinskje jout kleur en fleur oan it bestean. Minsken sjogge der faak nei út om gesellich yn famylje-of freonerûnte by mekoar te wêzen om wat te praten, te dûnsjen, te laitsjen en wille te meitsjen. Yn dizze tiid liket it libben wolris oan mekoar te hingjen fan feesten en eveneminten. Froeger wie dat fansels wat minder it gefal. Mar de wille wie der net minder om.

In boek mei in protte foto’s, ynterviews en ferhalen oer eartiids.

Bestel produkt

Diel dizze side