Ik ek fan dy

€ 12,50

Auteur: Baukje Wytsma
Yllustrator: Wolf Erlbruch

De leafde is in himelfjoer
it lôget op, it bettert oer
't oerfalt dy ienris, ier of let,
hast gjin ferwar, do kearst it net.

Wolf Elbruch (1948), yllustrator, wie ferbûn oan de universiteit fan Wuppertal. Foar syn oeuvre krige hy de Gutenbergpriis fan de stêd Leipzig, de 'Sonderpreis des Deutschen Jugendliteraturpreises' en yn 2006 de Hans-Christian Andersen priis. Mei Jürg Schubiger ferskynde yn 2012 dit boekje Under de titel 'Zwei die sich lieben'. Foar de Frysktalige edysje skreau Baukje Wytsma nije gedichten by de tekeningen.

Baukje Wytsma (1946), publisearre berneboeken, dichtbondels en skreau lieten foar in grut tal sjongers en sjongeressen yn Fryslân. Yn 2004 stie har bondel 'Lokaal 13' op de Ibby Honour List en yn 2007 krige Baukje Wytsma de Fryske Anjer, wêrby't se omskreaun waard as ien fan de meast konstante talinten yn de Fryske poëzy fan de lêste decennia.

Bestel produkt

Diel dizze side