Alde leafde

€ 5,00

Typ op Google it wurdsje liefde en do komst bygelyks út by Mooie Liefdes Zinnen en Liefdes Teksten, in website mei kant-en-kleare leafdesferklearringen dy’tst samar opstjoere kinst fia Facebook, Twitter, Skype, sms of Whatsapp.

Hoe oars wie dat yn earder tiden doe't in leafdesbrief noch mei in sacht plofke op de doarmatte foel, de ûntfanger it hânskrift en de postsegel beseach, in stil plakje opsocht en de ynhâld op him of har ynwurkje liet. Alde leafde, sis mar, mei alles wat dêrby hearde: hoopfolle ferwachtingen, hertstocht en fertriet, wanhoop en ûnwennigens, gelok en blydskip. Wat dat oangiet is der, ek yn dizze tiid, noch altyd neat feroare.

Hoe't it gong mei de leafdesferklearringen op papier yn dit boek Alde Leafde (skreaun tusken 1941 en 1971), is te lêzen yn in tsiental briefwikselingen út dy tiid tusken jonge minsken út ferskate plakken yn Fryslân, fan Jiskenhuzen oant Hoarnstersweach en fan Sibrandabuorren oant Boarnburgum.

It binne prachtige dokuminten, dy't soarchfâldich bewarre bleaun binne. Soms ferpakt yn in grut tal doazen, soms yn lytse steapeltsjes, omwuolle mei strikken en linten. Yn guon gefallen binne it de skriuwers of skriuwsters sels dy't se ús takomme litten hawwe, soms binne it harren neisten dy't de brieven frijjûn hawwe foar publikaasje yn dit boek. Om it libbensferhaal fan de briefskriuwers kompleet te meitsjen binne der fraachpetearen taheakke as tarieding op de publisearre briefwiksels.

It is in oare wrâld dy't jin yn Alde Leafde temjitte komt. Allerhande aspekten yn it deistich libben drukten ommers in stimpel op it bestean: de oarloch, it foar lange tiid útstjoerd wêzen as militêr nei Ynje, saken oangeande it tsjerkelibben, wenningneed, sosjale en morele omstannichheden, it belibjen fan de frije tiid, de praktyske en net-praktyske tariedingen op it houlik en alles wat dêrby hearde, it wurdt allegear mei ynmoed beskreaun.

Dizze leafdesbrieven nimme de lêzers mei nei in yntins belibbe tiid tusken twa minsken dêr't de leafde foar master opsloech. Wat belibben sy en wat hold harren dwaande? Wat wiene harren dreamen en ferwachtingen?

En dat bringt jin as fansels by de fraach: âlde of nije leafde, digitaal of op papier… wat is it ferskil?

Bestel produkt

Diel dizze side

Skriuw jo yn om as earste op de hichte te wêzen