Foarskoalske opfang yn soarchsintrum besoarget triennen yn 'e eagen.

1 juli 2015

Wat bart der as âlderein en lytse bern eltse dei by mekoar binne yn in soarchsintrum? 'Sadree't de bern de seal ynrinne foar nifeljen, muzyk meitsje of broadsjes smoarre foar de âlderein, of foar watfoar projekt fan de dei ek, de âlderein libje op.' 

Pjutten en âlderein by mekoar jout fleur en lok

Filmmakker Evan Briggs makke de dokumintêre 'Present Perfect'. Hy folge in skoaljier lang jonge bern wêrfan't de skoalle festige is yn in soarchsintrum mei fjouwerhûndert  âlderein yn Seattle. Eltse dei brocht hy groepen âlderein en bern tegearre om 'blide mominten te sammeljen'. It resultaat wie geweldich, sa lit ûndersteand flimke sjen. In protte bewenners fan in soarchsintrum fielden har allinnich of down. Mar sadree't de bern de seal ynrûnen fleurden se op en kaam der in gniis op harren gesicht, sa ferteld Evan. De filmmakker hopet dat de dokumintêre derfoar soarget dat mear pjutteboartersplakken en basisskoallen mei soarchsintra oparbeidzje sille. 

 

Bron: Newmama.nu

Diel dizze side