In bosk fan minsken, in ynspiraasjeprojekt fan Tryater

30 september 2015

Oer falske susters, eigenwize heiten, pakes dy’t sketen litte en bysûndere famyljegeheimen
In bosk fan minsken is in ynspiraasjeprojekt om de jubileumfoarstelling Grûn hinne. 
Dyn famylje is as in bosk. Stiest yn it skaad fan dyn broer, stiest te ticht op jim mem en begjinst hieltyd mear op jim heit te lykjen (mei al syn kluchten). We hawwe deselde woartels, we binne ûnskiedber mei inoar ferbûn. Sa hat eltse famylje syn bosk fan ferhalen. Ferhalen om yn te ferdwalen. Ferhalen oer generaasjes en skiednis. Ek de personaazjes út de twa famyljes yn Grûn wrakselje mei harren famyljebannen en erfskip. Sa hawwe we yn Fryslân ek allegear ús bosken om yn te ferdwalen. In Bosk fan Minsken is in ûntdekkingsreis nei ferbûnens. Nei de oerienkomsten en ferskillen yn ferhalen fan famyljes út Fryslân. Dy ferhalen ferdjipje we mei in swymke keunst. 
 
De ynspiraasjejûnen
Jannewietske de Vries ynterviewt in bekende Fries, of just ien by dy út it doarp, oer syn as har eigen famyljeferhaal. Spannende en yntime jûnen by Jannewietske oan de ‘keukenstafel’. Oer leafde, fertriet, iensumens en ferwachtingen. Ruben Mulder soarget live foar digitale illustraasjes. Mar der is mear! Sjoch foar mear ynformaasje oer de ynspiraasjejûnen, de gasten, oare nijsgjirrige aktiviteiten, sa as de ateliers, op de webside fan Tryater  
 
Jo kinne ek jo eigen famyljeferhaal fertelle! Sjoch dêrfoar op www.inboskfanminsken.nl
 
In jûn mei Foppe de Haan, woansdei 14 oktober 2015 yn it Posthuis Teater op it Hearrenfean
Win twa kaarten foar de ynspiraasjejûn mei Foppe de Haan. Sjoch op ús facebook side foar de aksje: diel it berjocht en tag yn in reaksje dyjinge dêr't mei nei de foarstelling wolst. Op 8 oktober meitsje wy bekend wa't de 2 kaarten wûn hat. Facebook/Datwiedoesa
 
Lês foar mear ynformaasje oer de jubileumfoarstelling Grûn, in famyljekronyk fierder op de webside fan Tryater 

Diel dizze side