Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die

13 april 2015

Nei oanlieding fan 70 jier befrijing is Fryslân DOK snein begûn mei de histoaryske dokumintêresearje ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’. Yn fiif dielen wurdt in yngeand byld sketst fan de oarlochsjierren yn Fryslân. In soad minsken drage de gefolgen fan dy tsjustere perioade noch altyd mei harren mei. Sjoch hjir de earste ôflevering oer: De Molkstaking fan 1943.

 ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’ is in projekt fan Tresoar, tv-produsint Wij van PS, it Fries Film Archief en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje is te finen op www.Fryslan4045.nl.

Diel dizze side