Frysk wurdt in wichtich fak by soarchopliedings

25 februari 2016

It Frysk wurdt in wichtich karfak by de soarch- en wolwêzenopliedings fan ROC Friese Poort en it Friesland College. De fraach nei mear learlingen dy't Frysk kinne, komt by soarchynstellings en kliïnten wei. Fan berne-opfang oant âldereinsoarch is ferlet fan wurknimmers dy't it Frysk behearskje.

Dat de memmetaal wichtich is foar âlderen die earder al bliken út it ûndersyk 'Hokker taal prate jo?'. In protte âlderen fine it slim dat jonge fersoargers en ferpleechkundigen it Frysk hieltiid faker net ferstean en prate kinne. Ien fan harren is frou Grytsje Bouma, bewenster fan soarchsintrum Brugchelencamp op De Westereen.

Diel dizze side