De strûper oan en spylje. Húskeamerteäter fan Theater Veder

15 augustus 2017

Twa kear yn ’e moanne bringe Dora Huisman, Ytsje Noordenbos en Marijke van der Laan it boerelibben fan eartiids by de bewenners fan soarchsintrum Foswert yn Ferwert. Mei de strûper en de klompen oan bringe se de bewenners werom nei it libben fan eartiids. Se sjonge oer it bûthúsbankje en it Dockumer Lokaeltsje en helje mei de bewenners ferhalen op. De werkenbere setting mei ferskes en ferhalen fan doe daget de bewenners út om mei te dwaan, te sjongen en harren oantinkens te dielen en stimulearret sa it ûnderlinge kontakt. De froulju spylje krekt as tweintich oare amateurtoanielspilers foar Theater Veder.

(foto Dora Huisman, foarstelling keningsdei)

Yn Fryslân jouwe tsien teams fan Theater Veder foarstellingen by sân ferskillende soarchynstellingen. Elke lokaasje hat syn eigen fêste toanielspilers, dy’t ien of twa kear yn ’e moanne in oere toaniel fersoargje. De foarstellingen binne elke kear wer oars. Se folgje de tiid fan it jier, mar hawwe wol in fêste struktuer. De spilers hawwe in oplieding folge om op teätrale wize fan wjerskanten kontakt ta stân te bringen. Dat dogge se ûnder oare mei sang en poëzy. Wolle jo mear witte oer Theater Veder, nim dan kontakt op mei Jeltsje de Boer, produksjelieder Fryslân fia info@theaterveder.nl.

Theater Veder is een trainingscentrum en adviesbureau op het gebied van communiceren met kwetsbare doelgroepen, zoals mensen met dementie, een verstandelijke beperking, een psychische aandoening, ADHD en/of autisme. Veder speelt en traint in zorginstellingen en organisaties door heel Nederland. Zij draagt de Veder Methode uit en verspreidt deze om een bijdrage te leveren aan het doorbreken van sociaal isolement. Tijdens de interactieve voorstellingen wordt de doelgroep uitgedaagd tot het maken van wederzijds contact. Dit leidt tot mooie en bijzondere contactmomenten. Naast huiskamervoorstellingen biedt Veder ook voorstellingen ‘op maat’ en theatervoorstellingen. Kijk voor meer informatie op www.theaterveder.nl.

Diel dizze side