Belibje it wer

25 september 2017

‘Lêsten rûkte ik moarns betiid samar de rook fan farsk bakte bôle op strjitte. It rûkte ryk en smûk en ik waande my wer it famke mei frisseltsjes dat jierren lyn, by de bakker del, nei skoalle huppele.

Belibje it wer!

‘Oantinkens oan eartiids kinne troch alle sintugen oppikt wurde. Soms giet it ûnbewust, mar kinst it ek bewust oproppe. In geur, mar ek in foarwerp, in gefoel of in lûdsje kin dy wat yn it sin bringe út lang ferfleine tiid’, seit Douwkje Douma, projektlieder fan de Afûk. ‘By oantinkens hearre faak moaie ferhalen, dy’t graach ferteld wurde troch âlderen en heard wurde troch de jongere generaasje: oft it no om bern giet, bernsbern of professionals. Dêrom hawwe wy foar it projekt ‘Belibje it wer’ fiif temakisten mei bypassend materiaal ûntwikkele’, sa leit sy fierder út. 
 
‘By ús yn it mienskipssintrum hawwe wy de temakisten útprobearre, by demintearjenden en by minsken dy’t dat syktebyld net ha’, seit Jildert Vellinga. Jildert is koördinator fan de aktiviteiten yn mienskipssintrum Leppehiem yn Akkrum en ien fan de partners dy’t belutsen binne by it projekt
Belibje it wer
. ‘Do sjochst dat de kisten allerhande reaksjes oproppe. Fansels fral fan de minsken dy’t út eigen ûnderfining prate kinne. De temakiste oer it keatsen bygelyks triggeret ta moaie ferhalen. Guon kinne sels de spulregels noch útlizze, oaren fertelle yn geuren en kleuren oer de tiid dat sy, in grouwe sigaar smokend, op de tribune sieten en beare en swetse noch fan de ‘reus fan Minnertsgea’, de ferneamde, twa meter lange, keatser Chris Wassenaar. Wy fernimme dat de kisten skatten oan ferhalen oproppe.’
Foar de meiwurkers is sa’n temakiste in hiel brûkber middel om mei âlderen yn petear te reitsjen.
Yn de temakisten sit in praktyske ynstruksjekaart en de materialen sprekke foar harsels. Kinst ommers alle foarwerpen út de temakiste sjen litte, mar sy kinne alles ek fêstpakke en fiele.
Sa komme net allinne de ferhalen wer ta libben, mar ek de ferhalefertellers steane yn it ljocht.

 

‘Belibje it wer’ is ûnderdiel fan it projekt Dat wie doe sa, dat materiaal yn de Fryske taal oanbiedt, rjochte op reminisinsje: it opheljen fan oantinkens. It is in mienskiplik projekt fan Leppehiem, Friese Poort, Hof & Hiem en de Afûk. ‘Belibje it wer’ is ynspirearre troch it projekt ‘Belibje it mar’, dat ûntwikkele is foar it spesjaal ûnderwiis.

Mear witte?

De kisten mei de tema's: Hânwurk en moade, Skoalletiid, Alvestêdetocht, Muzyk en toaniel en Iten en drinken binne fan begjin 2018 ôf te keap en te lien fia de Afûk. De kisten wurde yn in beheinde oplage makke. Nim dus sa gau as mooglik kontakt op om jo yn te skriuwen. Kontaktpersoan: Douwkje Douma, d.douma@afuk.nl, 06-1084 5331.

Diel dizze side