In tsien foar algebra

Us heit wie dêr boer, mar net sa’n grutte boer. Wy hiene in stik as tsien kij en in stikje bou. En dan ek noch in stikje bou dat wy hierden.

Ik siet yn Ternaard op de iepenbiere skoalle. Ik koe goed leare. Yn de fjirde klasse die ik by it rekkenjen mei de bern fan de fyfde klasse mei. En omdat ik my oars ferfele soe, haw ik doe in klasse oerslein. Mei alve jier wie ik al fan skoalle ôf.

Ik woe hiel graach trochleare en nei de Mulo ta. Mar dat woe ús mem net lije. Dat is neat foar ús soarte minsken, sei se. Trochleare is foar de ‘gegoeden’. Gelokkich kaam ús heit doe foar my op. Hy sei: Der binne genôch ‘gegoeden’ dy’t minder ferstân ha as dizze hjirre. Dêr koe ús mem neat tsjin yn lizze, dat doe mocht it dochs. Ik fûn it prachtich op de Mulo. Ik haw Mulo A en B dien en ik krige foar it Algebra-eksamen in tsien.

Dêrnei woe ik graach wiskunde studearje, mar doe bruts de oarloch út en belâne ik yn it ferset. Earst hiel tafallich. Us buorman wie notaris en de klerken moasten ûnderdûke. Dêr moast ik adressen foar sykje. Letter die ik gefaarliker wurk, dan moast ik bonkaarten fuortbringe, mar ek wol pistoalen. It hat wolris hiel spannend west, mar it is gelokkich altyd goed gien.

Ien kear haw ik in parasjutist rêden. Dy wie boppe Ie út in Ingelsk fleantúch dropt en kaam mei syn parasjute yn in sleat terjochte. Wat ik op dat stuit yn Ie die, wit ik net mear, mar ik wie dêr op ’e fyts, mei oaren. It wie stjerrende kâld, it frear wol tweintich graden. Wy ha de earme man en syn parasjute gau út de sleat fiske. Hy moast fansels sa gau mooglik út ’e wei en omdat ik yn Mitselwier in ûnderdûkadres wist, soe ik him dêr dan mar hinne bringe. Dat se setten him by my op de pakjedrager en dêr giene we hinne: ik fytse en hy achterop.

Mar ûnderweis begûn er sa te triljen, de hiele fyts skodde derfan, ik koe it stjoer hast net mear rjocht hâlde. Healweis Mitselwier binne we ôfstapt en doe krige ik ynienen foar it ferstân hoe’t it moast. Ik sei: Clothes out! En ik begûn my út te klaaien. Hy strûpte de wiete krous fan him ôf en ik joech him myn droege en waarme klean: sjaal, wanten, mûtse, trui, rok, hoazzen, himd, ûnderbroek… Alles. Allinne de jas en de skuon die ik wer oan, fierder wie ik hielendal neaken. Mar ik skamme my net, want it wie in needsituaasje. Hy die myn ûnderguod en myn rok en trui oan. En noch in trui der oerhinne fan ús heit, út myn fytstas. En doe wie it oan de hoazzen ta. Myn swarte breidene wollen hoazzen. Doe’t er dy einlings oanwrotten hie, stuts er in foet omheech en seagen wy elkoar oan… We moasten ynienen sa ôfgryslik laitsje. We smoarden hast fan it laitsjen. Dy hoazzen… Mar myn droege en waarme klean hawwe him wol rêden. Oars wie er grif omkommen fan de kjeld.

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side