It Draaioargel

Hark dochs, wat wyske klinkt dêr oer ’e buorren;
Lit ús ris sjen op ’e ein fan ’e streek.
’t Is wer dy man mei syn oargel op ’t karke,
En mei dat famke, sa tear en sa bleek.

Sjuch hoe’t er draait oan ’e kruk fan syn oargel.
Jout sa’n muzyk no it rjuchte geniet?
Och, ’t is om ’t brea, dêr’t hja beide foar skreppe,
Hy oan de kruk, en dat bern lâns de streek.

Leau mar: dy toanen ferklankje har libben;
’t Is sa weemoedich allyk dy muzyk.
Jou dochs dat famke, dat rint mei har bakje,
’t Is foar twa minsken, ús sels net wanlyk.

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side