Draaioargel: Ik draai it leafst Weense walsen

Eduard Bouma is in ouwe seun út Harns, dêr’t er op 4 desimber 1938 berne waard. Syn heit, Gerhardus Bouma, sutele mei lânbou-artikels en ferkocht dy op wykmerken. Syn mem, Anna Behrends, kaam fan oarsprong út Dútslân en wurke fan 1927 ôf as tsjinstfaam by de joadske famylje Speier, dy’t yn Harns in tekstylwinkel hiene. ‘Ik bin de fiifde yn in goed katolike húshâlding mei sân bern’, fertelt Eduard Bouma, ‘myn twalingsuster Dina is in healoere âlder. Nei de legere skoalle haw ik yn Harns op de ambachtsskoalle west. Mar dêr haw ik fierder neat mei dien, want ik koe by ús heit oan it wurk. Oant myn achttjinde gie ik op ’e fyts by de boeren lâns. Dêrnei krigen wy in frachtweintsje, Alles voor de Boerderij stie derop.’

Op syn tweintichste moast Eduard Bouma yn tsjinst. Hy gie by de lânmacht, by de kommando’s, wie in griene baretter en krige de swierste training dy’t der bestiet. ‘Dêr bin ik noch altyd in bytsje grutsk op, de griene baret hinget boppe ús bêd.’

Op de dûnsflier fan Het Hemeltje learde Bouma syn lettere frou, Klaaske Houtsma út Warkum kennen. Sy wie ferpleechster yn it Harnzer sikehûs. ‘Nei de tsjinsttiid koe ik hjir yn Warkum in baan krije, by fiskboer Bijlsma. Dêrnei binne wy troud en krigen in hûs. Yn 1980 bin ik foar mysels begûn mei in ridende fiskkarre. Nei’t ik dat acht jier dien hie, seach ik wol yn dat dat in hiele djoere hobby wie. Om’t myn frou Klaaske hjir as haad fersoarging yn it âldereinhûs in baan krije koe, bin ik húsman wurden om foar ús trije bern te soargjen: twa dochters en in soan. Mar op ’en doer foldie my dat dochs net, ik siet fierstente faak yn ’e kroech. Ik haw doe fia it útstjoerburo noch fiif jier by kofjebrânerij De Drie Mollen yn Boalsert wurke en dêrnei noch seis jier yn it simmerskoft by Balkema, in jachtûnderhâldsbedriuw hjir yn Warkum. Op it stuit bin ik wer húsman. Ik sied alle dagen it iten en bak lekkere caken en appeltaarten.’

Bouma syn grutste hobby wie - en is - muzyk. Hy hat by ferskate koaren songen. As bern siet er yn Harns al by in jeugdkoar en letter yn Warkum by it katolike hearekoar Gregorius Magnus. Hy hat ek in hiel skoft by it mannekoar Edoza (Evangelie door zang) yn Snits songen, oant der op in stuit in oare dirigint kaam en it repertoire feroare. ‘It waard echt Johannes de Heerachtich en dêr hâld ik net fan. Jou my mar opera en klassike muzyk. Yn Warkum sjong ik no noch by Nijefurd sjongt, in mingd koar ûnder lieding fan in diriginte.’

In oare hobby fan Eduard Bouma is it lange ôfstânsrinnen. Dit jier docht er de fjouwerdagetocht fan Nijmegen foar de tweintichste kear en hy hat de Alvestêdetocht ek al acht kear rûn.

‘Hoe’t ik draaioargelman wurden bin? Twa jier lyn kaam der kunde by my, dy’t Pleatslik Belang Warkum in draaioargel ta hawwe woe. Yn it draaioargelmuseum fan Assen sochten wy in moai lyts, hânsum oargeltsje út, dat op in soarte fan hânkarre stiet en yn 1952 boud is, mei 72 registers en in prachtich suver fluitlûd. It koste in lytse 40.000 euro. Dêrnei frege ien fan Pleatslik Belang my oft ik wol oargeldraaier wurde woe. Dat like my wol moai ta en it wie ek frij ienfâldich te learen, mar jo moatte wol in muzikaal gehoar hawwe. Jo moatte net te hurd of te stadich draaie, want dan krije jo in hiel mâl lûd. Ik doch it no tegearre mei myn maat Jappie Veenstra, dy’t ik ken fan de begraffenisferiening Naastenliefde dêr’t wy beide drager by binne. Wy prate fan tefoaren altyd ôf wat wy draaie sille. De iene draait, de oare hellet it jild op. Wy draaie sa’n fyftjin oant tweintich kear yn it jier by allerhande eveneminten. Wy geane net by de doarren lâns, mar komme wol op fersyk by jubilea of op jierdeisfeesten. It oargeltsje kin op elektrysk, mar dat dogge wy pas as wy âld en fersliten binne. Us repertoire bestiet oant no ta út sa’n 185 boeken: Weenske walsen, in pear klassike stikken, Amsterdamske folkslieten, Dútske Schlagers, Sinteklaasferskes en twa boeken mei lieten út Fryslân sjongt. Fan de opbringst út in sintebakje hawwe wy koartlyn in boek mei populêre marsmuzyk en ien mei krystferskes oanskaft. Sa’n boek kostet al gau tusken de 200 en 300 euro.

De minsken reagearje der hiel ferskillend op, mar yn haadsaak posityf. De measte Warkumers binne wol grutsk op it draaioargeltsje, dat Die Stadt Worckum hjit. Lêsten stiene wy by it Jopie Huisman Museum, dêr’t krekt in bus fol mei Amsterdamske froulju arrivearre, dy’t allegear op ’e muzyk begûnen te dûnsjen. Wy hiene yn in sucht mear as hûndert euro yn it bakje. As wy net op ’en paad binne stiet it oargeltsje hjir by my yn de garaazje. Jappie en ik dogge it lytse ûnderhâld sels, lykas de trommels goed ôfstelle en de V-snaar om it tsjil op de goede spanning bringe. En troch it riden oer de klinkerts rammelet der ek wolris in pypke los. Foar it stimmen komt ien kear yn it jier immen fan it draaioargelmuseum nei Warkum, want dat komt o sa krekt.

Ik draai it leafst Weenske walsen lykas De Koningswals en De Koekoekswals. Amsterdamske meisjongers fyn ik ek wol moai. By de feesttinte op it merkplein bringt de kastlein ús geregeld in gleske bier. Wy begjinne altyd mei Daar is de orgelman en dan sjonge wy sels mei. As de lju wat ôfwachtsjend binne en yn de tinte sitten bliuwe, litte Jappie en ik it oargel mei opsetsin in bytsje seure. Dêr sjogge se dan ferheard fan op. En dan sette wy Buona sera yn. Dêr komme de measten wol fan oerein.’

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side

Skriuw jo yn om as earste op de hichte te wêzen