’t Boaskjen fan jongelju 2

Yn Alde Leafde binne brieven byelkoar brocht fan ferskate Friezen dy’t yn de perioade 1940-1975 skreaune oan harren leafsten. Fan alle brieveskriuwers is ek in koart libbensferhaal te lêzen en it gehiel is oanfolle mei de troufoto’s út dy tiid.

By it boek binne ferskate opdrachtkaarten makke om te brûken by it kontakt mei âldere minsken, sa as yn de soarch.

’t Boaskjen fan jongelju 2

Tryntsje en Teake ferlove harren yn in tiid fan ekonomyske krisis. Famylje is foar harren net allinnich emosjonele stipe, mar betsjut ek praktyske help. Teake wennet foar syn trouwen by syn broer yn en as er ienkear troud is mei Tryntsje, wenje se earst noch by de âlders fan Teake yn.

Yn de jierren nei de Twadde Wrâldoarloch wie der in grut tekoart oan wenningen. Dêrom bleaunen krekt troude stellen faak noch in skoft by harren âlders of skoanâlders ynwenjen, sa as Tryntsje en Teake. Dat wie net altyd maklik. Ek ûnder de dielnimmers binne der faaks wol guon dy’t dat meimakke hawwe. Mei of sûnder eigen hûs it is net samar wat om foar it earst in eigen húshâlding op te setten. Doel fan dizze aktiviteit is it opheljen fan oantinkens oan it grutske begjin fan de eigen húshâlding en dêr ûnderfinings oer út te wikseljen. 

De fragen binne taspitst op minsken dy’t troud binne of troud west hawwe. Jo kinne de fragen oanpasse oan allinnesteanden. Trochfreegje nei konkrete details, lykas ûnderdielen fan de útset, kin it ûnthâld op gong helpe. By alle fragen op de kaart binne dêrom in stikmannich ‘trochfreegje-fragen’ opnommen.

Rjochtsboppe neist de tekst fine jo de opdrachtkaart om as pdf te downloaden.  

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side