La vie en rose 1

Yn Alde Leafde binne brieven byelkoar brocht fan ferskate Friezen dy’t yn de perioade 1940-1975 skreaune oan harren leafsten. Fan alle brieveskriuwers is ek in koart libbensferhaal te lêzen en it gehiel is oanfolle mei de troufoto’s út dy tiid. By it boek binne ferskate opdrachtkaarten makke om te brûken by it kontakt mei âldere minsken, sa as yn de soarch.

La vie en rose 1

Bouwe en Syp van der Meulen, Tjamme en Janke Valk en Aise en Afke Kramer leare elkoar kennen by it dûnsjen. Yn Hotel Vreewijk yn Drachten en yn kafee De Aardappelbeurs yn Sint-Jabik.

Hoe learde men elkoar eartiids kennen? Op in dûnsjûn of op de dûnsskoalle? Dûnsen de dielnimmers yn jo groep eartiids oait op deselde dûnsflier? Hawwe se oantinkens oan deselde dûnstinten, muzikanten of ferskes, lykas de wrâldferneamde hit La vie en rose fan Edith Piaf út 1946?

Doel fan dizze aktiviteit is de âlderein harkje te litten nei muzyk fan eartiids dy’t se sels útkeazen hawwe. Hawwe jo in lytse groep (oant sa’n seis persoanen), dan kinne de dielnimmers wiidweidich fertelle oer watfoar nûmers oft se útkeazen hawwe en wêrom. Hawwe jo in grutte groep, dan giet it foaral om de muzyk.

Rjochtsboppe neist de tekst fine jo de opdrachtkaart om as pdf te downloaden. 

 

 

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side