Oranje - Douwe Kootstra

Koart ferhaal 

Yntroduksje fan it ferhaal

Sport is fan alle tiden, mar hoe sit dat mei sporthelden? Hienen jo/jim ek in favorite sporter?

Hoe bleaunen jo/jim op ’e hichte fan syn/har sportprestaasjes? Fia de krante, de radio of oars?

Watfoar momint stiet jo noch it measte by fan dy sporter?

 

Nei ôfrin

Hawwe jo dy wedstriid tsjin de Sovjet-Uny sels ek sjoen?

Oranje grêften yn Amsterdam, hawwe jo dêr wat fan meikrigen?

Hoe hawwe jo/jim dat feest meifierd? En wie alles ek oranje?


Oranje

 Pake sit achter de kompjûter. Sa te sjen fermakket er him poerbêst, want Jehannes hat al in pear kear wat sein, mar gjin antwurd krigen. No rint er nei de achterkeamer, dêr’t de kompjûter op ’e grutte tafel stiet.

‘Pake! Is pake soms doof?!’

Jehannes ropt ekstra lûd.

Pake skrikt.

‘Hè? Wêrom praatst sa lûd, ik bin net doof.’

‘No, ik krige gjin antwurd. Wat is der trouwens sa bysûnder oan dy kompjûter?’

Pake glimket.

‘Ik siet nei in machtich filmke te sjen op YouTube. Dat ha ’k lang lyn in pear kear op televyzje sjoen, mar it is alle kearen wer hiel bysûnder.’

Jehannes skoot in stoel oan en jout him del njonken pake.

‘Mei ik dan witte watfoar machtich en bysûnder filmke dat wie of is dat in geheimke?’

Pake laket.

‘Nee, neat geheims oan. Witsto trouwens wol wa’t op ’t heden de trainer fan Sportclub Hearrenfean is?’

Jehannes sjocht ferbaasd.

‘Ja, fansels wol. Marco van Basten. Ik ha in skoft lyn noch in sprekbeurt hâlden oer it ferskil tusken Cambuur en It Hearrenfean.’

Pake knikt tefreden, pakt de mûs en klikt it filmke op YouTube oan.

‘No moatst ris even sjen, ast seis minuten de tiid hast teminsten.’

Fansels. Jehannes hat in wike fakânsje en dus koe er in pear dagen útfanhûs by pake en beppe. Pake docht in protte frijwilligerswurk. Hy rydt bijgelyks foar Tafeltje Dekje en dan mei Jehannes meiride en de minsken it iten bringe. Leuk wurk, foaral omdat se him soms wat jild yn ’e hân triuwe. Lêsten hie er samar fiif euro.

Pake start it filmke. It falt Jehannes daliks op dat de kleur oranje oeral is. Mar it kwartsje falt noch net. Der fart in boat fol fleurige minsken troch de grachten fan Amsterdam, folge troch in lange stoet fan oare boatsjes. It sjocht op ’e wâl en de brêgen swart fan de blide, hippende en swaaiende taskôgers mei oranje shirts, ballonnen, petsjes en gean sa mar troch. Oeral hingje de bewenners ta de ruten út. Kloften supporters dûnsje sels op ’e dakken fan de wenboaten dy’t gefaarlik skeef yn it wetter lizze. Dan ynienen komt der in close-up fan in persoan op ’e earste boat.

‘Hee!’, ropt Jehannes. ‘Dy ken ik! Da’s Marco van Basten. En dêr! Dat is eh… Ronald Koeman! Dy is no trener fan Feyenoord.’

Pake knikt wer tefreden. Dat falt him neat ôf fan dat jonkje.

Se sjogge dat it dêr yn it sintrum fan Amsterdam ien grutte gekkeboel is. De kommentator fertelt dat der neffens de plysje wol in miljoen minsken yn ’e stêd binne. Allegear feestfierders, dat is dúdlik te sjen. Se binne sa gek as in sint.

‘En al dy spandoeken’, seit pake. ‘Sjochst dat?’

Jehannes bûcht him nei it skerm. Kanjers, bedankt!! stiet der mei grutte letters op ien fan dy spandoeken. En: Van Basten, geweldig!

‘Ik wit it, pake! Dit is fansels de huldiging fan it Nederlânsk elftal. Doe binne wy Europeesk kampioen fuotbaljen wurden. Dêr hat pake wol ris oer ferteld. Dat wie yn… eh… yn… eh…’

‘No?’ Pake sjocht him freegjend oan.

‘Yn watfoar jier wie dat? Do wiest yn alle gefal noch lang net op ’e wrâld.’

‘Dat wit ik net mear, hear’, jout Jehannes earlik ta. ‘Dat stiet net yn ús skiednisboekjes.’

‘Noait wer ferjitte’, laket pake. ‘Dat wie yn juny 1988. Wy sieten mei de hiele buert alle dagen foar de televyzje. Jonge, jonge, wat wie dat spannend. Ik sliepte der nachts hast net fan.’

‘Ha wy doe de finale wûn fan Dútslân?’

Pake skynt it net te hearren, hy sjocht wer fol konsintraasje nei it filmke. Hy is hielendal werom yn ’e tiid.

‘Hjirre’, wiist er. ‘No binne se op it Museumplein foar de huldiging. Allemachtich, wat in protte folk!’

Jehannes stelt syn fraach noch in kear. Pake skodhollet.

‘Nee, Dútslân hienen wy yn ’e heale finale al útskeakele mei 2-1. Man, man, jim beppe moatst my beethâlde, oars hie ’k myn stoel yn stikken slein, en de kopkes der by, sa spannend wie dy wedstryd.’

Se sjogge no dat Marco van Basten de mikrofoan pakt en it ferske ‘Wij houden van Oranje’ begjint te sjongen.

Pake moat gnize.

‘Hy kin better fuotbalje as sjonge.’

‘Mar tsjin wa wie dan de finale?’

Jehannes hat noch gjin antwurd op syn fraach krigen.

Pake is der wer by, mar hâldt de eagen wol op it skerm, krekt as sjocht er it foar it earst.

‘Tsjin de Sovjet-Uny, da’s no, sis mar, eh… Ruslân ûngefear. Yn dy wedstryd makke Van Basten de moaiste goal fan it hiele toernoai. Wat sis ik, fan ’e hiele wrâld.’

Jehannes sjocht ferbaasd hoe’t pake oereingiet, in oanloopke nimt en in sabeare bal op ’e rjochterskoech nimt.

‘Sjoch, sa die er dat: de foarset kaam fan links, en doe, yn ien kear, sa út ’e loft, op ’e slof, oer de keeper, yn ’e goal. Hiel Nederlân ûntplofte sawat.’

De plant op ’e tafel trouwens ek, want dy klapt yn stikken oer de flier as pake him yn syn Van Basten-imitaasje in feech jout mei in swaaiende earm. Oei!

Troch it lawaai komt beppe fan boppen. Dat koe net misse.

‘Wat ha wy hjir, wat in binde. Hoe komt dy plant dêr? Wat binn’ jim oan it dwaan?’

Jehannes laket him slop.

‘Pake is even werom yn 1988. Hoe’t Marco van Basten in supergoal makke yn ’e finale fan it Europeesk kampioenskip.’

‘Watte? Hy wie sels topskoarder fan it toernoai!’, ropt pake entûsjast.

Beppe skodhollet.

‘As dat kampioenskip te praat komt, moat ik yn ’e buert bliuwe, oars komme der brokken. Jim pake wurdt dan wer like wyld as doe.’

 

In oerke letter, nei in flinke opromoperaasje ynklusyf stofsûger, in glês drinken en in stik koeke, geane se wer achter de kompjûter sitten.

‘Kom op, Jehannes, dan sil ik dy dy manjefike goal fan Van Basten ris even sjen litte. As er dat syn mantsjes by Sportclub Hearrenfean no ek leare kin, dan komt it goed.’

Jehannes knikt. De tafel is hielendal leech. Gelokkich.

 

Sjoch foar de printferzy by de download (op desktop rjochtsboppe)

WK 1988

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side