Folksferhaal út Kollum:
It kin raar rinne…

It waard in grutte húshâlding doe’t Willem en Sijke op 14 april 1917 de lapen gear smieten en mei bern, húsrie en fee fan Drachten nei Kollum ferhuzen. Beide hienen se jong frou en man ferlern en wienen efterbleaun mei in keppel lytse bern. Willem’s frou Sytske hie op har kreambêd op 20 july 1915 foargoed de eagen sletten. Ta in oantinken hie it fiifde jonkje de namme Sytze krigen. Sijke’s man Jurjen wie al earder ferstoarn, op 11 febrewaris 1912, en sy bleau efter mei fjouwer lytse bern. Mei help fan kunde, de arbeider en de jonge bern slaggen se deryn de buorkerij fuort te setten.

Willem en Sijke wienen beide 37 doe’t hja allinnich fierder moasten. Hoe’t it ta in houlik kaam yn 1917 is net rjocht dúdlik, mar yn alle gefallen is it spul mei hynder en wein ôfset nei Tilhouten ûnder Kollum. Op in mânske pleats makke it pear mei har njoggen bern in nij begjin. It wie hurd wurkjen en it wie foar de fiif bern fan Willem en de fjouwer fan Sijke bot wennen,fan poerfrjemd nei heal famylje. Dochs wie dat wennen foar twa fan de njoggen net in hiel o-heden, die nei ferrin fan tiid bliken. Tusken Piter, soan fan Willem, en Dieuwke, famke fan Sijke, tsien en tolve doe’t hja de reis nei Kollum makken, ûntstie in bân dy’t oars wie as dy tusken broer en sus, it wie mear as sljochtweihinne. Hoe’t it krekt gien is, is nea dúdlik wurden. Faaks wie it in geheime leafde, woenen heit en mem der neat fan witte, fûn it doarp it mar frjemd of hie gjinien it yn ‘e gaten?

De natuer wie lykwols sterker as alle beheinings en sadwaande rekke Dieuwke swier yn desimber 1924, 17 jier âld. It sil grif duveldei west ha krekt bûten Kollum. En dan te betinken dat it doarp en de tsjerke der grif in dúdlike miening oer hienen. Heit Willem en mem Sijke wienen der glêd mei oan. Hjir wie in sûnde begien, soks waard yn ’t tsjerkje fan de preekstoel ôf wrâldkundich makke en ien fan 17 koe net trouwe sûnder tastimming fan de keninginne. Hoe no fierder?

It wie in dreech beslút mar der waard foar keazen ynearsten net te trouwen. It bern moast earst mar op ’e wrâld en dêrnei mar fierder sjen. Op 19 augustus 1925 die de kreamheinster har wurk en seach de jonge Sijke it libbensljocht. Hja groeide op by heit, mem en alle oaren op Tilhouten. Yn 1927 luts boer Willem de beurs, der waard in pleatske kocht oan It Knillesdjip ûnder Stynsgea foar Piter en Dieuwke. Op 19 maaie datselde jier waard der brullofte en ferliet it pear
Kollum. Hja krigen dêr ûnder Stynsgea noch trije bern, twa jonges en in famke.

En Sijke? Sijke bleau ‘allinnich’ efter yn Kollum, se is grutbrocht troch pake en beppe en hat letter, lykas heit en mem, de pleats pas ferlitten doe’t hja sels troude.

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side