Slachterij: Wat fetter wat better

Us heit hie in slachterij yn Feanwâlden. Ik bin dêr op 10 april 1931 as iennige soan berne, myn suster wie seis jier âlder. Dat, doe’t ik yn 1944 de legere skoalle hân hie, wie it fansels dat ik by ús heit yn ’t wurk kaam. Ik moast bonken ôfsykje en boadskippen útsutelje.

De oarlochstiid wie net in bêste tiid. Wy krigen fleis op tawizing en alles wie op ’e bon. Nei de oarloch haw ik twa winterskoften in slachtersfakkursus yn Ljouwert folge en yn Utrecht eksamen dien. Ik learde dêr de fijne kneepkes fan it fak: woarst meitsje bygelyks. Mar doe’t it safier wie dat ik ús heit opfolgje koe, wie ús slachterij yn ’t neigean. Feanwâlden wie te lyts foar de fiif slachters dy’t dêr doe wiene. Wy moasten wat oars.

Ik hie ûnderwilens ferkearing krigen mei Antje Wester út Earnewâld. Yn 1960 kaam slachterij Van der Molen hjir frij. Us heit hat de slachterij ferkocht, Antje en ik binne troud en ha de slachterij fan Earnewâld kocht. Ik wie hjir de iennige en hie gjin konkurrinsje. Foaral doe’t de rekreaasje opbloeide, krigen wy de fuotten ûnder it gat. Antje die de winkel en ik soarge foar nije foarried. Dat ha wy in lytse fjirtich jier sa dien. Yn ’t lêstoan hie Antje simmerdeis wol fjouwer, fiif winkelfamkes yn ’t wurk en Wybe en Jan, ús beide soannen, holpen my achter. Yn it heechseizoen slachten wy in ko en in pear bargen yn ’e wike en makken wy wol sa’n 40 kilo droege woarst, as ’t net mear is.

Hoe’t it slachtsjen fan in ko yn syn wurk gie? Earst waard it bist bedwelme mei in sjitapparaat. De ko waard yn ’e harsens rekke, tusken de hoarnen en de eagen. Ik wit noch goed, de earste kear dat ik dat dwaan moast, stie ik te triljen op ’e skonken. Ik wie deabenaud dat ik missjitte soe. Mar letter wende it en krige ik der handichheid yn. It hert fan de ko pompt noch in skoft troch en stap twa wie: it bist de hals trochsnije en it bloed derút rinne litte. Mei stap trije begûn it eigentlike slachtsjen en kaam de karmaster derby om te sjen oft de organen goed funksjonearre hiene. Dy sette der dan in stimpel op.

Ik brûkte fansels goed skerp ark: in útbonker, in lappesnijer en in strûpersmes. Ik wit net krekt hoefolle bisten ik slachte ha. In hiele protte yn alle gefallen.

Yn 1997 bin ik dermei opholden en ha wy de slachterij ferhierd. It wie de bedoeling dat ús Wybe de slachterij oernimme soe, mar dy skytskoarre der tsjinoan mei al dy EU-maatregels. Earst fûn ik dat spitich, mar no bin ik der bliid om. It is in grut krús: al dy easken dêr’t jo tsjintwurdich oan foldwaan moatte.

Sa’t ik al sei: troch de rekreaasje wreide de klandyzje him hieltyd mear út. De klanten kamen rûnom wei. De famylje Brenninkmeijer - fan C & A - hat hjir in pleats en de famylje Philips in twadde wente. Dy kamen by ús om fleis, seagen net op in pear sinten en hiene each foar kwaliteit. Dat, dêr leine wy ús op ta: op it leverjen fan kwaliteit. Ik haw ferskate kearen Frysk en Nederlânsk kampioen woarstmeitsjen west. En wy wiene yn Noard-Nederlân de earsten dy’t de riktonne ferfongen troch in rikkast mei twa fjoerpotten, foar it rikjen en droegjen fan woarst en spek, skinke en ljirre. Dêr stookten wy hout en turf yn.

As slachter wie tiiddwaan myn biedwurd. It proses moat syn gong gean. Jo moatte in woarst net te hastich opstopje, dan wurdt er soer fan binnen. Jo moatte de tiid der foar nimme. Dat haw ik altyd dien: foar de klanten, foar it útsykjen fan slachtfee. By it keapjen fan in ko seach ik yn ’t foarste plak

nei de slachtripens. In fette ko moast it wêze, wat fetter wat better. Ik woe der fleis fan snije kinne dêr’t in bêste fetrâne oan siet. Fleis dat himsels bedrippe koe… Ik mei it no net mear ha - fanwege de golestorol – mar in riblapke dat yn it eigen fet bret is, fyn ik noch altyd it lekkerste dat der bestiet.

Oare aktiviteiten by dit thema

Diel dizze side